Weppers tongersdei 25-3

SDS League: De Toekomst pakt wykpriis!
24 maart 2010
Weppers freed 26-3
25 maart 2010

Statisch spelend SDS seal 2 verliest weer
Het begint een beetje saai te worden, tenminste als je van winnen houdt. Gisteravond verloor sds seal 2 voor de vijfde keer op rij. Klaas wist de eer nog een beetje te redden door het enige doelpunt voor sds te scoren. Eindstand tegen Renado 3: 1-5.
Johan


Ron Jans op sponserjûn

De sponserjûn fan tiisdei mei Ron Jans wie tige slagge. Henk Bootsma syn foto’s ek (klik
hjir).

Easterein yn Drinte?
Ron Jans begie tiisdeitejûn mei in aardige anekdoate. Doe ’t hy inkele moannen werom troch syn saakwaarnimmer frege waard om yn Easterein in jûntsje fol te praten wist hy noch net dat hy nei SC Heerenveen gean soe. Hy frege doe wêr ’t Easterein leit. Doe ’t syn saakwaarnimmer sei dat Easterein yn Drinte leit hapte Jans lyk ta, want dat is moai ticht by hûs. Hy skrok dan ek doe ’t begjin dizze wike bliken die dat hy nei Fryslân moast. Hy hie himsels, nei it tekenjen fan syn kontrakt by SC Heerenveen, noch sa tasein dat hy tot oan ’t it ein fan syn kontrakt by FC Groningen gjin sprekbeurten mear te hâlden behalve dy dy ’t noch stienen (dy yn Drinte….) en ek neat oer SC Heerenveen te sizzen. SDS hie sa de primeur fan Ron Jans’ earste optreden yn Fryslân, al hat hy him aardich oan de (begryplike) ôfspraak hâlden om (hast) neat oer SC Heerenveen te sizzen. 

Roy Makaay
Roy Makaay luts him juster neat oan fan de kollum fan Sjoerd Mossou yn it AD en makke “gewoan” de winnende goal yn de beker tsjin FC Twente. “Das Phantom” waard dus oars wekker dan de kollumnist yn de holle hie (klik
hjir).

Foeilelijke sjurts (7)
Yn 1996 is David Seaman as keeper fan Ingelân midden yn in ferve-exploasje belanne. Hjirûnder it rissultaat. Tink om ‘e eagen!


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (174)
Yn Spanje makke de trainer fan Barcelona, Josep Guordiola, hast krekt sa ’n domme fout as Gerard Kemkers mei Sven Kramer. Ek yn dit gefal giet it om wisseljen. Guardiola hie al 3 kear wissele doe ’t hy op ‘e nij wisselje woe. Lokkich wienen de wissels skerp en foarkamen sy sa dat Barcelona reglementair mei 3-0 ferlieze soe:

Letter miskien wol mear!