Weppers tongersdei 25-2

Weppers tiisdei 23-2
22 februari 2016
Seleksjes sneon 27-2
26 februari 2016

SDS1 – Mulier 1
Kommende sneon is der in ynhelprogramma. SDS 1 mei it opnimme tsjin Mulier 1.
De statistiken fan beide ploegen op in rige. Soks dogge wij sels net. It komt allegear fan Voetbalnederland.nl wêr’t jim fan alles fine kinne oer 3A en oare kompetysjes.

Programma sneon

14:30 SDS 1 Mulier 1
12:30 Leovardia C2 SDS C1
12:15 Nijland 2 SDS 2
14:00 Oosterlittens VR1 SDS VR1
14:45 Makkum 4 SDS 3

Kantine
Fannejûn wurdt it fêst wer in noflike jûn yn de kantine. Gerrit Flisijn stiet namelijk efter de bar. Hy hat alwer in moai muzyklistje klearstean en dêrneist is der ek noch Europa-League-fuotbal op it grutte skerm.

Derbys
SDS 1 hat sneon thús in derby tsjin Mulier 1, SDS Vr.1 in derby út tsjin de froulju fan Oosterlittens 1 en SDS 2 derbyt út tsjin vv Nijland 2.

SDS League
Spannend, spannend, spannend! De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet hjir moarn op de webside.

Keunstgers
Juster is der wer in gearkomst west om te sjen wat foar hek der om it oan te lizzen keunstgersfjild moat. Wat foar keunstgers wy net hawwe moatte binne sy al oer út (klik hjir).

Heech wetter
By sv Bredevoort hienen sy in lyts probleem. Better sein de wissels hienen in lyts probleem…….

Sa kinne je krekt in drûge kont hâlde……..

Harsens derby (1676)
Handich sa ’n penalty yn twaën………..