Weppers tiisdei 23-2

Weppers snein 21-2
21 februari 2016
Weppers tongersdei 25-2
24 februari 2016

Kampioen!

F2 is zaalkampioen geworden. Ondanks de nederlaag van zaterdag zijn wij kampioen. Vorige week wisten wij al dat wij kampioen waren met 10 punten voorsprong op de 2de. Van de 8 wedstrijden 1 verloren en 1 gelijk gespeeld!
Jolanda


SDS-jaske fûn
Ferline wike is der yn Itens op it sportfjild in SDS-jaske maat 140 fûn. Fan wa is dizze? Mail nei
info@vv-sds.nl.


Skorst
Hendrik de Jong hat sneon syn 4e giele kaart fan it seizoen pakt en dat betsjut dat hy sneon skorst is.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn (1)
De sealfuotballers fan SDS spylje moarntejûn wer thús yn sportha de Greidhoeke. Sy meie om 20.30 oere los tsjin Haskerland 6.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn (2)
De mannen fan SDS 3 en 4 sille woansdeitejûn foar de lêste kear yn de seal traine fanôf 21.30 oere. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Wer nei bûten
De mannen fan SDS 3 en 4 sille nije wike tongersdei wer foar it earst nei bûten ta te trainen.

SDS League
Ek dizze edysje komme de dielnimmers fan de SDS League wer oeral en nergens wei. Sa komme se út Wommels en Easterein, mar ek út plakken lykas Lollum, Frjentsjer, Rien, Spannum, Stiens en Kûbaard. It meast opfallend is dizze edysje in dielnimmer komt fan Curacao. It is Allert Turksma dy ’t fanút Willemstad mei syn “Boldert and the Beautiful” alles op alles set om de SDS League te winnen.


Harsens derby (1675)

Alderaardichste lykmakker yn de lêste minút!