Weppers tongersdei 22-9-2022

SDS-League: Wout en Harm pakke de wykpriis!
20 september 2022
Weppers freed 23-9-2022
23 september 2022

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

Sawol SDS 1 as SDS 2 seal mocht justerj6un yn de seal balje. SDS 1 spile mei 2-2 lyk yn Snits tsjin Sneek Wit-Zwart 1. SDS 2 seal spile om 22.00 oere thús tsjin Sneek Wit-Zwart 3. Dit waard 3-9 foar de Snitsers.

Kantine

Jûn is de kantine wer iepen fanôf 20.00 oere. Stefan van Krimpen sil elkenien betsjinje en op it grutte skerm hawwe wy Nederlân – Polen.

SDS-jubileumplaatsjesboek

Hasto noch net in SDS-jubileumplaatsjesboek en wolst wol graach ien hawwe dan kinst fergees in eksimplaar by Jumbo-Kooistra yn Wommels helje of op sneon ien út de bestjoerskeamer. De plaatsjes kinne sparre wurde by Jumbo-Kooistra yn Wommels.

SDS WK-League

It duorret noch wol 2 moanne foar it begjint, mar wy binne der alfêst klear foar; it WK-fuotbal. Foar de 5e kear organisere wy dan wer in SDS WK-League. Mei de tiid kinne jim hjir de dielnameformulieren wer ferwachtsje. Sy sille dan foar snein 20 novimber om 17.00 oere ynlevere wurde moatte.

SDS-Look-a-like

Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei 
info@vv-sds.nl!

Harsens derby (2091)

Sommige bern binne goed yn alle sporten….

Miskien letter wol mear!