Weppers freed 23-9-2022

Weppers tongersdei 22-9-2022
22 september 2022
Sneon 24-9-2022
23 september 2022

Skiedsrjochter socht

Wy binne noch op syk nei in skiedsrjochter foar SDS JO8-2. Sy fuotbalje moarn thús om 10.30 oere. Is dit wat foar dy nim dan kontakt op mei Enne Bruinsma 06-29974138.

SDS VR1

Jûn giet it los foar VR1 op freedtejûn yn in kompetysje dy’t 18+ hjit.
7 tsjin 7 en jûn op Schatzenburg bij Dronryp/Menaam

SDS 1 – Scharnegoutum 1

De kompetysje giet los en de tredde klasse A liket dit jier in prachtkompetysje te wurden mei ploegen út de buert. It is dus net raar dat de earste wedstriid gelyk in streekderby is. Us trainer hat wol wat mei Scharnegoutum (hij wurke dêr ta perioades) mar sil de punten graach yn Easterein hâlde. Om 14.30 giet it los.
De seleksje: Jaap Toering, Douwe-Jan Vellinga, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Gerbrand Kramer, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jelte-Pieter Dijkstra, Kevin den Haan, Lourens van der Pol, Matthijs Postma, Pieter Sijtsma, Stan Korbach en Wierd Hofstra.

CVVO 2 – SDS 2

Om 12.00 oere op ‘e Lemmer stiet de wedstriid CVVO 2 – SDS 2 op it programma.
De seleksje: Mark, Arjen, Bauke, Eeltsje, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sietse, Tim, Tom, Wesley en de Wessels.

sc Stiens 3 – SDS 3

Foar SDS 3 begjint de kompetysje mei in útwedstriid. Om 12.30 oere yn Steins.
De seleksje: Anne, Bote, Inne, Jacob-Klaas, Jelmer, Jesse, Jildert, Mark, Marten, Tsjipke, Willem en Yward.
Hendrik Engbrenghof flagget.

Nijland 3 – SDS 4

Ek SDS 4 begjint mei in moaie derby. Nijland 3 binne de gasthearen. Fanôf 14.30 kinne jim der bij wêze.
De seleksje: Jeffrey, Aiso, Gerben, Halbe-Willem, Janpiet, de Jorrits, Leon, Michael, Wiltsje en Ate en mooglik wat JO19’s.
Remon Bouma flagget.

SDS 5 – AVC 3 g.n.t.

Hoe stiet SDS 5 der foar? Tanksij it jubileumtoernoai hawwe der in oantal aktyf west mei de grutte bal. Is dat genôch? Jim hienen it sjen kinnen op it B-fjild om 14.30 oere, mar spitich genôch hat AVC 3 net genôch spilers om moarn te baljen.

Rabo-ClubSupport

Jim kinne SDS noch altiten stypje mei help fan Rabo-ClubSupport. Sjoch hjir.

Geloksdei

It is hjoed ús geloksdei! Yn in pakje plaatsje by Jumbo-Kooistra skoorden wy sawol de keeper fan SDS 1, Jaap Toering, as syn soan Brend, dy ’t noch tsjin him skoorde yn de jubileumwedstriid tusken SDS 1 en 75 jeugdspilers fan SDS.

Harsens derby (2092)

‘Tikkie werom, Jaap………’