SDS-League: Wout en Harm pakke de wykpriis!

Weppers moandei 19-9-2022
19 september 2022
Weppers tongersdei 22-9-2022
22 september 2022

Ferline wike tochten wy alle team ynfierd te hawwen, mar der lei ek noch ien yn de Spambox. Ynmiddels stiet Stefan van der Velde no yn de stân, mar moat hy der noch al wat ynkomme. Mei  ‘FC Hallemamaggies’ begie hy op it 54e plak en stiet hy no 47e.

Harm Dijkstra hie mar in knappe wike. PSV boppe-oan en mei ‘Wout en Harm’ no ek noch de wykpriis yn de SDS-League. Dan binne je gau fergetten dat sc Cambuur hast ûnderoan stiet yn de Eredivisie….
Wout en Harm hienen sels noch in reade kaart dizze wike foar Mees Hoedemakers fan sc Cambuur…

Lykas ferline wike pakt de wykpriiswinner 55 punten. Ferline wike wie dat noch ‘FC Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra. Dizze wike kin hy it hege nivo net byfytse en sakket nei it 4e plak.

‘Hup SDS’ fan Grietzen Broersma pakt dizze wike de kopposysje yn de SDS-League. Hy bliuwt Robert Hoekstra krekt 3 puntsjes foar. Wout en Harm steane no 3e.

‘Bulder’ fan Jan Mulder sakket dizze wike knap troch it iis. Nei ferline wike noch 4e te stean sakket hy no mei de helte fan it tal fan de punten fan ferline wike nei it 30e plak.

Jens Hiemstra nimt mei ‘FC Hiemstra’ de reade lantearn oer fan Mark Klijnsma mei ‘Noppert United’. De konkurrinsje stiet net fier fuort, want mar leafst 4 teams steane mar 1 puntsje boppe him.

 

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 2