Weppers tongersdei 22-7

Kompetysje-yndielingen F-pupillen
22 juli 2010
Weppers sneon 24-7
24 juli 2010

Blessures
It liket derop dat SDS 1 oan it begjin fan it kommende seizoen lyk in pear pilaren misse moat. Jelmer Posthumus sit noch in skoft yn Afghanistan en sil wol net earder fuotbalje dan nei de winterstop. Dirk-Yde Sjaarda hat in knibbelblessure en mei heechstwierskynlik net fuotbalje oan ’t desimber ta. Út ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat ek neikommer Grietzen Broersma foar langere tiid útskeakele is troch in ankelblessure. It fijne witte wy hjir net fan. 

SDS WK-League-winner meldt him
Oan de redaksje,
Ik wie ferline wike op fekânsje yn Frankryk en seach op ús laptop dat ik winner wurden bin fan de poule. Ik krige de triennen yn de eagen en ha de hiele kroeg in rûntsje jûn(der sieten 8 stamgasten).
Ik bin fan ‘e wike wer werom kommen, mar seach gjin mysyk korps as hynder en koets stean, mar hawar, dan mar in rûntsje op ‘e fiets troch de buorren.
Ter informaasje:
Ik bin de soan fan Ytsje Hoekstra en wenje om it wykein op ‘e Walperterwei 39.
No groetnis,
Hessel


Foto fan it folgjen fan de finale yn it tv hok op ‘e camping yn Frankryk

Hessel is gek op Danoontjes en wy ferwachtsje dat dêr it measte prizenjild oan opgiet

WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.

Nijs?
Hawwe jim noch nijs foar de webside of misse jim bepaalde ynformaasje op de webside mail it dan efkes nei info@vv-sds.nl.

Jong-Feinte-partij yn Easterein
Nije wike woansdei is yn Easterein wer de jierlijkse Jong-Feinte-partij. Oftewol keatsen. Der sille fêst wer ferskeidene SDS’ers oan meidwaan en -wurkje. It begjint om 11.00:
Jong-Feinte 2010






Harsens derby (257)
Kivuvu siet earder by NEC, mar fuotballet no yn Roemenië by CFR Cluj. Hy is fêst helle om syn skorende fermogen…….