Weppers tongersdei 22-3-2018

Weppers tiisdei 20-2-2018
20 februari 2018
Doelpunten troch de jierren hinne
22 februari 2018

SDS VR 1

De earste oanpassing fan it programma fan sneon is der al. SDS VR1 fuotballet net. Harren wedstriid is ferpleatst nei 31-3-2018. Der binne te min spylsters bij SDS dy’t sneon kinne.

SDS seal

De jonges fan de seal hawwe justerjûn ek wer bolle. Balk 3 wie de tsjinstanner en it waard 3-6 foar de koprinner. SDS kaam al mei 1-0 foar!

Giele kaarten

Wy hawwe de winterstop hân en dan wurdt it meastentiids tiid foar de earste skorsingen. Sa stie Jacob-Klaas Haitsma sneon oan de kant y.f.m. syn 5e giele kaart. Mar wa wurdt de folgende?
Hjirûnder de giele-kaartenlist fan SDS 1.
Jacob-Klaas 5
Bauke 4
Marco 4
Wiebe 4
Matthijs 3
Lourens 2
Gerwin 2
Erik 2
By de oare teams hawwe inkelden 2 en 1.

Kampioen?


Se binne it noch net en neffens Ajaksiden wurde se it ek net, mar dit soe samar de kop wêze kinne yn de krante fan ein april begjin maaie. Mar dit is in kop út in âlde krante. Doe wie der fan alles oan de hân. Klik op it plaatsje foar it ferhaal oer ûnder oaren Gullit en van der Gijp.

Kantine is iepen!

Jûn is der wer folop trainen by SDS troch de JO19, SDS 1,2,3 en 4! Dêrnei kin der efkes ien kocht wurde yn de kantine by Pieter Wesselius! Dêr kin tagelyk ek genoaten wurde fan it Europa-League-fuotbal op de tillevysje en mochten je it kâld hawwe dan kinne je fansels altiten je hannen efkes waarmje oan Pieter syn hearlijke frikandellen……..

SDS-League

Jûn om 20.32 oere kinne jim hjir de nijste stân wer sjen. Soe Sjoerd van Beem noch boppe Jaap Toering stean?

Harsens derby (1991)

Hjir de Eeltje Postma fan Witham Town FC!