Weppers tiisdei 20-2-2018

SDS zoekt verenigingsscheidsrechters.
19 februari 2018
Weppers tongersdei 22-3-2018
22 februari 2018

Stim dizze wike ek wer op SDS!

Mei de jeugdsponseraksje fan de Poiesz kin SDS net allinnich munten krije troch de munten dy ’t je by de Poiesz krije yn de Poiesz yn Skearnegoputum yn de SDS-koker te dwaan, mar ek troch op SDS te stimmen op de Poeisz-webside. Dat kinne jim hjir dwaan. Eltse wike op ‘e nij!

SDS seal

Woansdeitejûn spilet SDS seal  om 21.00 oere tsjin Balk ZV 3.

Kommend wykein

Kommend wykein begjint de foarjiersfakânsje en dat betsjut dat er hast gjin programma is. Miskien mar goed ek want der skynt wer winter oan te kommen.  Sneon is der ien kompetysjewedstriid en ien oefenwedstriid yn Easterein:
SDS VR1 – St Aengwirden/Akkrum VR1 om 14.30 en dat giet om de punten en SDS 2 – AVC 2 om 11.45 oere giet om de eare en it gefoel.
Ut binne der  twa kompetysjewedstriden: SDS1 giet nei Toppenhuzen en SDS 4 nei WPB 6.

Blomke foar Hinke

Hinke Kuiper hat in skoftke yn de SDS-sponserkommisje sitten, mar nimt no ôfskie y.f.m. oare drokke wurksumheden. Hinke hat in soad digitaliseard en dêr binne wy tige wiis mei. Bauke hat efkes in blomke by Hinke brocht. Hinke, bedankt!

Beloofd is beloofd!

Freed appte Habtamu it folgende nei striker Foeke Reitsma;

Wy kinne wol sizze dat dit aardich slagge is. Habtamu syn hamstrings wienen los en hy makke der twa. Wat ús oanbelanget mei Foeke se kommende sneon wol wer goed los meitsje!

Unyk?

SDS wûn sneon mei 5-3 fan DWP en de goals waarden makke troch Habtamu (2x), Matthijs, Gerwin en Lourens. Habtamu en Gerwin binne 19, Matthijs is 18 en Lourens is 20 jier. Oftewol gemiddeld 19 jier. Wy tinke net dat dit ea earder bard is by SDS 1.

Ut de LC

Voetbal Friesland

In reedlik nije wepside is dy fan Voetbal Friesland. Inside dy’t klups wat meielkoar ferbine kin. Wij seagen foaral nei it magazine wat se útjouwe. Nijsrgjirrige, net te lange ferhalen oer it amateurfuotbal yn Fryslân. Wij moatte wol sizze dat it foaral om east en noard Fryslân giet….

Harsens derby (1990)

Ho…………

 

Letter miskien mear!