Doelpunten troch de jierren hinne

Weppers tongersdei 22-3-2018
22 februari 2018
SDS-League: Van der Pollen pakke wykpriis!
22 februari 2018

Voetbalnederland

De webside Voetbalnederland is in prachtich platfoarm foar it amateurfuotbal yn Nederlân.
It jout op sneontemiddei de aktuele stân fan saken oan tidens de wedstriden fan de  standerdalvetallen. Korrespondenten fan de eigen klup kinne gelyk tuskenstannen, doelpuntenmakkers, giele- en readekaart ûntfangers oanjaan.

De wepside begjint hieltyd mear in archyf te wurden foar klups mei oersichten fan resultaten troch de jierren hinne, welke trainers der sitten ha en …….doelpuntenmakkers.

De lêste jierren wurde de doelpuntenmakkers gelyk bijholden mar fan al dy jierren dat der wol wedstriden wiene mar noch gjin Voetbal Nederland miste er hast alles.

It wie in hiele klus mar wij hawwe no alle doelpuntenmakkers fan it earste fanôf 1977 oan 2017 bij wurke.  De Ljouwerter Krante hat as basis tsjinne en soms mei oanfullingen út de Treffer. Fan 40 seizoenen steane alle útslagen en (hast) alle doelpuntenmakkers fan SDS  op de side fan VoetbalNederland.

Hast alle doelpuntenmakkers, want wij misse der in pear, dus roppe wij minsken op dy’t miskien sels noch wat bijholden ha en dy doelpunten oanfulle kinne.

De topskoarderslist alle tiden  fan SDS

Wij misse:

1988-1989 1 oktober: SDS – SWZ   1-3
1979-1980 23 oktober:  Heeg – SDS  0-2  (troch de wike spile)
1979-1980 24 novimber: SDS – Delfstrahuizen  2-0

De jierren foar 1977 sille wij nochris yn it Friesch Deiblêd sykje moatte, mar dy kranten binne noch net digitalisearre.

Hawwe jim oanfullingen , graach efkes bij Aant melde.