Weppers tongersdei 22-11-2018

Weppers woansdei 21-11-2018
21 november 2018
Weppers freed 23-11-2018
23 november 2018

Trainer Douwe Posthuma tekent by

Juster op de SDS-ledengearkomst liet de trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, sjen wat foar fysje hy hat op fuotbal en hoe ’t hy SDS no sjocht en yn de takomst. It wie in dúdlik ferhaal wêr ’t de oanwêzicgen oandachtich nei lústere hawwe. It bestjoer en de spilers fan SDS 1 binne dan ek wiis mei dizze trainer. Douwe Posthuma en it bestjoer binne dan ek oerien kommen om ek folgend seizoen meielkoar gear te wurkjen.

Fersoarger Hennie Roubos tekent by

Elkenien is ek wiis mei Hennie Roubos as fersoarger by SDS. Mei him is ek oerien kommen om folgend seizoen op deselde foet troch te gean. Hennie is net allinnich fersoarger fan SDS 1, mar stiet der ek iepen foar as der oare spilers fan SDS by him delkomme. Hy is tongersdeitejûns op it sportkompleks en op sneon as SDS 1 thús moat.

Foarsitter Willem Wijnia tekent by

De foarsitter fan SDS, Willem Wijnia, waard juster op ‘e nij beneamd foar 4 jier as foarsitter fan SDS.

SLOT-funderingstechnieken nije sjurtstiper SDS Vr.1

Foar SDS Vr.1 is der in nije sjurtstiper fûn. Namelijk SLOT-funderingstechnieken. Dit bedriuw is fan Harm Slot út Easterein. Hjir binne wy tige wiis mei. De froulju hawwe de sjurts al past en hoopje se ynkoarten sjowe te kinnen.

Van Krimpen-autoschadeservice stipet polo’s fan SDS Vr.1

De trainer fan SDS Vr.1, Stefan van Krimpen, set de froulju fan Vr.1 allegear yn nije polo’s. Wy hoopje se ynkoarten bewûnderje te kinnen.

Slot en sleutel fuort

It slotsje en de sleutel fan it stroomkastje fan de ljochtmêsten efter de sporthal binne poater. Wa hat dizze yn de bûse. Graach der wer efkes yn dwaan of oan Willem Twijnstra of Klaas de Haan jaan. Maile nei info@vv-sds.nl mei ek. Dan helje wy se op.

Ballen opromje

It docht bliken dat der op it heden nei it trainen wer wat mear ballen efterbliuwe yn de strúken en yn de feart. Graach elkenien der wer omtinke om alle ballen op te romjen nei it trainen.

SDS Vr.1 ûnderút

SDS vr.1 mocht justeryn Seisbjirrum yn de snijende kjeld fuotbalje tsjin AVC. Sy ferlearen dêr mei 4-0.

SDS seal spilet gelyk

In moai gelykspul tsjin Bolsward 1 justerjûn, want dat is/wie de koprinner.

Ut it plakboek fan…

Wij binne tige wiis mei de plakboeken dy’t Jan en Hendrik de Jong bijholden ha fan de prestaasjes fan SDS 1 yn it begjin fan dizze ieu. Wij binne dwaande se digitaal te meitsjen en de earste twa seizoenen kinne jim no al besjen. Sjoch yn it menu bij Klupynfo-Hystoarje en sykje in seizoen út. Bijgelyks 1999-2000.

Harsens derby (2077)

Mocht de bal mei it trainen yn de feart lizze brûk dan de ballenpakkers en probearje net oer de feart te spingen, want it is kâld……. 😉