Sneon om 14.30 begjint de wedstriid Heerenveense Boys 1 – SDS 1. Nei in minne start hawwe de Boys no al safolle punten dat se SDS foarbij ninne op de ranglist. In moaie kâns foar SDS om yn punten gelyk te kommen. Dit is de seleksje: Jaap, Bauke, Erik, Ewout, Frank, Gerwin, Habtamu, Hendrik, Jacob-Klaas, Lourens, Marco, Matthijs, Pieter en Remco.
12.30 oanwêzich, 12.45 bespreking en 13.00 fertrekke.
Om 14.30 oere yn Easterein treedt SDS 2 oan tsjin sc Stiens 2 mei dizze seleksje: Gertjan, Jorrit, Watze-Jacob, Arjen, Anne, Bote, Dirk, Feite, Inne, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Ralph en Sjoerd.
Sy wurde om 13.30 oere yn de boks ferwachte.
Op Schatzenburg, it sportpark tusken Menaam en Dronryp begjin sneontemiddei om 14.30 oere de wedstriid Foarút 3 – SDS 3. Dit is de seleksje fan SDS 3:
Dirk-Yde, Doede-Douwe, Gert-Jan, Harm S, Henk, Jan-Simon, Klaas, Peter, Pieter, Robert, Tjeerd, Tsjipke, Wichard en Willem.
SDS 4 mei ek thús balje om 14.30 oere. Makkum 4 is de tsjinstanner. Dizze spilers wurde om 13.44 oere op it sportpark ferwachte:
Allert, Andries, Arjan, Gert-Jan, Haije-Jan, Igor, Jelmer de plysje en Jelmer de kommandant, Jildert, Johan, Johannes, Hendrik E, Rick, Steffen, Sytse en WiVi.
Sneon komt Sinterklaas oan yn Easterein en Wommels en dit jier giet hy pas 6 desimber wer fuort. Tongersdei 6 desimber komt hy noch efkes yn de kantine sjen op de Sinterklaasjûn fan SDS 1.
Knap keept…………………..troch Bello!
Great save from this…..DOG 😂#SundayLeague pic.twitter.com/JETcFPhfM4
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 19 november 2018
Letter miskien mear!