Weppers tongersdei 22-10

Útslagen Meinte-Sixmatoernoai
22 oktober 2015
SDS League: "Bote"pakt wykpriis!
22 oktober 2015

Bartsjinst
Jûn hat Gerrit Flisijn bartsjinst yn de kantine. Of hy hat ruile mei Robert Sybesma. It wurdt yn elts gefal gesellich, want wy kinne moai Fenerbahce – Ajax efkes sjen om 21.05 oere!

Skiedsrjochtersnijs
At jim it programma fan sneons sjen wolle, mei de skiedsrjochter derbij, wolle jim witte wa’t de skiedsrjochter fan tsjinst is of alle KNVB skiiedsrjochtersaken, sjoch dan links (lofts) op ús side ûnder it kopke Skiedsrjochters.

Beker: SDS 1
SDS 1 mei sneon yn Hurdegaryp bekerje tsjin de pleatselijke favoryt. Dit wurdt dreech, want yn de tarieding op dit seizoen ferlear SDS 1 noch fan de Hurdegarypsters mei 5-0. Wy gean foar in ferrassing!

Beker: SDS A1
SDS A1 moat sneon bekerje tsjin Noordster. Der sille net folle lju wêze dy ’t dan lyk sizze dat dy út Oude Pekela komme. Mar it is wol sa. Noordster 1 spilet yn de 2e-Klasse L en stiet boppe-oan mei GRC Groningen. Noordster A1 fuotballet yn de Hoofdklase.

Look-a-likes



SDS League
De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet moarn hjir op de webside.

Harsens derby (1612)
De redding fan Neuer tiisdei tsjin Arsenal wie wol aardich fansels, mar dizze mei der ek wêze: