SDS League: "Bote"pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 22-10
22 oktober 2015
Seleksjes sneon 24-10
23 oktober 2015

Yn de wike dat Bote Strikwerda jierdei is koe it fansels net misse dan “Bote Strikwerda” de wykpriis pakt. Jammer foar Bote is dat Hendrik Engbrenghof coach fan dit team is………..
Sels stiet Bote mei neefke Jort Strikwerda op it 40e plak.


“Bote Strikwerda” pakt de wykpriis, mar Bote stiet 40e….

Wy hawwe in nije koprinner! “FC Theedebee” fan Teade de Boer nimt de kopposysje oer fan “GVR” fan Feiko Broersma dy ’t him nei it petear foar de Treffer (sjoch de kommende  Treffer) aardich de tsiis fan de bôle ite lit mei mar 14 punten.

Foar Dirk Stengenga kin de wike net stikken. Earst wûn Feyenoord dik fan sc Heerenveen en no giet hy yn de SDS League ek noch fan 8 nei 6. Dirk giet “Op naar de Coolsingel”!

“FC Bakvet” fan Halbe-Willem Overal stiet noch altiten ûnderoan, mar krijt no stevige konkurrinsje. “Waridijk” fan Rudy en Ralph bakt der ek neat fan en stiet no mei lêst…….


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.