Weppers tongersdei 21-4

Weppers woansdei 20-4
19 april 2011
Seleksjes stille sneon
21 april 2011

SDS DA1 krijt kansen, mar stiet nei 90 minuten mei lege hannen
It wie heerlyk waar en we fertrokken fol goeie moed nei Harns.
Nei in wat ûnseker begjin fan beide kanten begon SDS steeds better te fuotbaljen en de bal rûn te tikjen.
Tarina ferjochte in oantal knappe rêddingen en de verdedigers stiene goed te plak.
It gong steeds better en mei dit fertrouwen kamen ek de kânsen oan de kant fan SDS.
Nei goed trochsetten troch it hiele team waarden der aardiche
kombinaasjes kreëert. Dit resulteare yn in oantal skoten op doel; sa kriigen Jitske en Myriam de bal in pear kear goed richting doel en sjitte Marije V op de peal.
It hiele team wie goed bezich, de ferdedigers diene hun wurk, it middenfjild sette goed troch en de oanvallers kriigen moaie kansen. Hjir siit wol wat yn foar SDS.
Mei in 0-0 stân gongen we úteindelyk de rêst yn.
De twadde helte kaam SDS net goed út de kleikeamer. We wiene telkens in stap te let en lieten Harns steeds mear komme. Ek k
reëerden we steeds minder kansen. We spylen wol keurich op bûtenspul en hewe Harns miskien wol 15 kear bûtenspul sette kinnen, mar de skeids koe dit blykbaar better beoordele dan de grinsrjochter en floot hjir lang net altyd foar.
Yn de allerlêtste minuut rûn SDS helaas alsnog in tsjingoal op, mede troch de snelhiid fan de spits fan Harns. We hiene enorm it smoar yn; we hiene eigenlyk minstens wol in punt fertsjinne (seker nei oanlieding fan de earste helte).
Undanks it puntferlies ha we wol in leuke pot spyle, mei sportiviteit fan de spylsters fan Harns (dat kinne we fan it publiek yn Harns helaas net sisse).
Marije  


Traine A-seleksje
De A-seleksje traint tongersdei op in geheime lokaasje yn Hidaard. 
Oanwêzich 18.45 yn Easterein. Omklaaie.
Fuort 19.00
Oanwêzich de hiele A-seleksje oanfuld mei Anne/Dirk Yde en Martin 

Striker
Ik gean net mei nei Hidaard, mar bliuw yn Easterein foar degene die net meigeane nei Hidaard, (geblesseerden en spilers fan it 2e).
Spilers die wol nei Hidaard geane en fan te foaren behannele wurde moate (Erik bygelyks) , moate dat efkes melde by my. Dan kom ik wat jerder nei Easterein. Graag op ôfspraak dus. Nei de training kin it fansels ek altyd noch.

Grtn dn
 
Traine B/C-seleksje  
Traint in Oosterend om 19.00 gezamenlijk 
johan

C1
Jûn om 19.00 oere spilet C1 tsjin Scharnegoutum C1. Ut wie it 0-0 wat sil it no wurde?

D2
Donderdagavond speel SDS D2 tegen Heeg om 19:00 
Er is dus geen training voor de D2 om 18:00 
groetjes, Andre

Pupil fan de wike

Sander Hazewindus fan E3 wie tiisdei ien fan de pupillen fan de wike. Hij woe mei Ewout de Boer op de foto. En dy fûn dat in grutte ear.

Moai waar en muzykwykein
It wurdt dit wykein in moaiwaar en muzyk wykein. Snein stiet Wommels bol fan de muzyk.
Yn Jimbar spilet Martijn Kentie, bekend fan in earder suksesfol optreden dêr en yn it Dielshûs spilet Why Not al wer foar de safolste kear op peaskesnein.
Skettert it moandei dan noch net yn de earen dan is in fytstochtje nei Aaipop in goeie reis. Dêr spylje mar leafst 17 groepen en mei nammen as Hûnekop, Kramtried, Koartsluting en Bagger liket it net in sjongfestifaleftich barren te wurden.

Burd
Ien fan de wepmasters hat syn fuotbaltas yn de wylgen smiten om ’t hy lêst hat fan syn knibbel en it net mear sitten sjocht dat dat better wurdt foar syn fuotbalpensioen. Yn Ruslân hie hy al folle earder stopje moatten mei fuotbaljen(klik
hjir). 

Gerrie Snel diel 2
Freed om 19.00 kinne jim op
Stjoerder.nl wer genietsje fan “Gerrie Snel diel 2”. Wy binne benijd:


Harsens derby (452)
It is wol begryplik dat der sa ’n bytsje minsken binne dy ’t by in fuotbalwedstryd flagje wolle. It is dan ek net sûnder gefaar: