Weppers woansdei 20-4

Weppers tiisdei 19-4
18 april 2011
Weppers tongersdei 21-4
20 april 2011

SDS 1 ferliest
De wedstriid tsjin Heerenveense Boys begong mei in 0-1 stân op minút 32. Krekt foar it skoft makke Jacob van Wieren mei in moaie kopbal 1-1. De twadde helte begong hoopfol mar de Boys wiene de bettere ploech, fuotballen makliker en hiene libbensgrutte kânsen. It waard 1-2 en it bleau spannend, want SDS koe sa no en dan efkes útbrekke.

SDS 2 op ‘e nij flink ûnderút
SDS 2 ferlear juster mei 6-0 fan Heerenveense Boys 2. SDS 2 begie hielendal net gek oan de wedstryd, mar in knappe kounter levere de Feansters al gau de 1-0 op. Ek de 2-0 en 3-0 foelen noch foar de rust en SDS wie al wer benaud foar in slachtpartij. Yn de twadde helte makke Heerenveense Boys 2 der noch 3(de ien noch moaier as de oare). SDS 2 krige al wat kânskes en hie in penalty hawwe moatten, mar wie dúdlik in maatsje te lyts foar Heerenveense Boys 2.

SDS DA2 moat jûn ek
De knvb heeft gistermiddag 15:00 uur doorgegeven dat we vanavond tegen Oudega moeten voetballen. 
De wedstrijd begint om 19:00 uur
18:10 verzamelen en voor de mensen die zelf gaan 18:30 in Oudega. 
Selectie
Amarins
Geartsje
Hotske
Joutzen ( tweede helft)
Margriet
Sietske
Susan
Hester
Sanne Rixt
Tineke
Janneke
Anna Marijke 
en we hopen dat Nynke ook mee kan doen…

Skiedsrjochters socht foar skoallefuotbal
DE JEUGDCOMMISSIE ZOEKT NOG STEEDS NAAR ENTHOUSIASTE VRIJWILLIGERS VOOR HET SCHOOLVOETBALTOERNOOI OP 27 APRIL.
SPEEL JE IN DE C’s OF HOGER OF BEN JE OP EEN ANDERE MANIER BETROKKEN BIJ SDS, DAN NODIGEN WE JE BIJ DEZE UIT OM ONS TE HELPEN.
Hans van der Schaar
06 26785381

Alkohol
Fuotbalklups yn ús regio binne troch de plysje ynformearre oer alkoholkontroles dy’t de kommende wiken útfierd wurde sille nei trainingen en wedstriden. Wij hope dat SDS tiisdei 19-4 ek opjûn hat as wedstriiddei, want dat hie krekt wat west. De kantine tiicht foar de fuotballers en iepen foar de dammers. Want dy hiene in slotfeest en dat sil dochs seker net in flinke sûperij wurden wêze, skatte wij sa yn.

Programma
Jûn binne der trije jeugdwedstriden om 19.00 oere yn Easterein. De froulju fan DA1 trede jûn ek oan en wol yn en tsjin Harns. DA2 moat om 19.00 yn en tsjin Âldegea.

Waarm?
Jort Strikwerda sit no op Kreta en Jacob-Klaas Haitsma op Mallorca. Sy woenen graach brún wurde. Sy hienen miskien better thús bliuwe kinnen……….

SDS League
Moarn hoopje wy mei de nijste stân fan de SDS-League te kommen.

Why Not yn it Dielshûs
De 2 nije oanwinsten fan SDS 5, Klaas van de Weg en Hans van der Schaar, spylje sneintejûn yn it Dielshûs mei hun band
WHY NOT
jim komme dochs ek
Seal iepen om 21:30 oere.


Harsens derby (451)
Soe Jaap de Blaauw dit ek noch kinne?