Weppers tongersdei 20-4-2017

Keepersdei by SDS
19 april 2017
SDS-League: ‘De Supersubs’ pakke de wykpriis!
20 april 2017

SDS VR 1 winne

SDS VR 1 moast op dizze woansdeitejûn spylje tsjin QVC VR 1. De Starummer froulju kamen mei 0-1 en sels 0-2 foar. Noch foar it skoft makke Akke Rixt de oansluttreffer en Jeska de gelykmakker. Yn de twadde helt wie it Jeska dy’t de winnende makke.

SDS Seal ferliest

Yn in “ôfladen” folle sporthal koe SDS seal it net winne fan scBolsward seal 4. De SDS-ers skoarden twa kear, de Boalserters fjouwer kear sa folle.

Kantine iepen

Fannejûn is de kantine wer iepen en it beloofd op ‘e nij in alderaardichste jûn te wurden want Sytze Hibma hat namelijk bartsjinst en fansels geane wy mei syn allen foar Schalke ’04 – Ajax sitten. Elkenien is wolkom! It is net ferplicht, mar de Ajax-sjurtsjes meie oan! Dit is miskien alfêst wol handich om te witten.

NOK 1- SDS 1

SDS 1 hat 6 kear fuotballe op it moaie sportpark bij Aldemardum. 6 kear waard er ferlern en allinne yn 1992 wie der winst (1-3). Doelpuntenmakkers wiene doe Floris Hiemstra, Jappie Wijnia en Rients Smeding. In kompleet oersicht mei fan alles en noch wat oer de twa klups kinne jim hjir sjen. It is wol dúdlik dat it wer tiid wurdt foar in oerwinninkje dêr.

Op nei NOK!

It liket ús wol in goed idee om SDS 1 sneon massaal te stypjen yn Âldemardum. SDS 1 kin de 3 punten wol brûke tochten wy sa en miskien helpt it!

SDS-League

Jûn om 20.32 oere stiet de nijste stân fan de SDS-League hjir wer op de webside. Soenen Anne en Dooitze harren opmars trochsette?

Kompetysje op tongersdei

De KNVB hie it wierskynlik sa moai betocht ôfrûne simmer op in moaie dei. Fuotbalje op tongersdeitejûn moat kinne, is better as yn de kjelt fan de winter. Dus, waard er een trochdewykse kompetysjeronde betocht yn de 4de klasse A fan it sneinfuotbal.  Jûn dus, ûnder miskien wol winterske omstannichheden sil bijgelyks Oosterlittens it thús opnimme tsjin Oldeboorn.

Harsens derby (1874)

It is net de wike fan de keepers……