SDS-League: ‘De Supersubs’ pakke de wykpriis!

Weppers tongersdei 20-4-2017
20 april 2017
Weppers freed 21-4-2017
21 april 2017

Foto fan Bote Strikwerda‘De Supersubs’ fan Dirk de Jong pakt dizze wike de wykpriis en geane samar fan 13 nei 1 mei mar leafst 53 punten. Hy stiet dêr lyk mei ‘De Postmeister’ fan Jelmer Posthumus dy ’t dizze wike 39 punten pakt. Dirk giet foar syn tredde kampioenskip neidat hy earst al twa kear kampioen waard mei SDS 2. Mei de fuotbalkenniskwis yn Snits waard hy noch twadde…….

Johan Delfsma en Sjoerd van Beem hawwe in kloateseizoen mei harren sc Heerenveen. Hopelijk kin harren prestaasjes yn de SDS-League it seizoen noch wat goed meitsje. ‘Knäckebröd’ en ‘Frysk Bloed Tsjoch op’ steane noch op in play-off-plakje op it 3e en it 4e plak.

‘Jimbar’ fan Anne Brouwer en ‘DTD’ fan Dooitze Nauta dogge efkes in lyts stapke werom, mar hawwe noch altiten sicht op de titel. Dooitze Nauta kin sawisa dizze wike wol hiel tefreden wêze, want hy is eindelijk Anne Brouwer ris foarby yn de SDS-League. 😉

Yn de stân fan ferline wike siet in ‘lyts’ foutsje. Om ’t El Azzouzi net mear by Sparta sit waarden syn punten net meirekkene by it team fan ‘FC Van Tuinen’ fan Jochem van Tuinen. Dit skeelde him 38 punten. Wy hawwe se der úteinlik noch by dien en dat betsjutte dat hy ferline wike krekt njonken de wykpriis greep mei 79 punten. Lykas ‘De Rick van de kaktus’ kaam hy ien puntsje te koart.

‘Maccabi Marco’ hat de reade lantearn noch altiten stevich fêst en stiet noch stiif lêst………………. Dat rimet……….

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 9