Weppers tongersdei 20-11

Weppers woansdei 19-11
18 november 2014
Seleksjes sneon 22-11
20 november 2014

De polder yn en út
SDS 1 moat noch 4 kear fuptbalje foar de winterstop wêr fan trije wedstriden tsjin in ploech út de Flevopolder. Sneon mei syn nei SVM Marknesse. Nije wike krije sy Bant thús, dan út nei QVC(leit ek hast yn de polder…..) en as lêste wedstryd foar de winterstop thús tsjin TONEGO út Luttelgeest(en dus net út Tollebeek…….).

SDS seal 1 wint mei gemak fan SWZ Boso 3

Justerjun spile SDS 1 yn Easterein tsjin SWZ Boso 3. It publyk wie massaal opkommen(Igor en Bram bedankt) en Geart siet efter de knoppen(ek Geart bedankt).
SDS hie de ôftraap en liet de bal lekker rûngean. Iit duorre dan ek in flink oantal minuten foardat Snits de bal reitsje mocht. De 1-0 foel al gau en SDS wie in stik sterker en krige in soad kansen. De skoarre hie ek in hiel stik heger weze kinnen, mar 9-4 wie ek in prima utslach.

Sa klimt SDS wer in pear plakjes op de ranglist en sjogge we wer ut nei de folgende wedstriid folgende wike tiisdei  yn Boalsert.

Klaas


Dy net
It is no yn elts gefal wis dat Feyenoord net de iepeningswedstryd op it keunstgêrsfjild yn Easterein spylje sil…………(klik
hjir). Ien foardiel! 
Wy hoefe net hielendal nei Rotterdam om jild op te heljen.

Movember
Om oandacht te freegjen foar prostaatkanker dogge wy wy as SDS ek wat mei Movember. Inkelde SDS’ers binne drok oan it sparjen foar in krease snor. Hjoed de earste foto en hooplik folgje der noch in hiele soad. Hjir de Willie Overtoom fan SDS:
Permalink voor ingesloten afbeelding

Bytekene
Douwe Posthuma en Pyt Nota hawwe dizze wike bytekene as haadtrainer en assistint- by de koprinner yn de 3e-Klasse A Nijlân.
Douwe en Pyt

Fan herte lokwinske!
Sjoerd Rispens is it sa wend dat hy eltse tongersdei lokwinske wurdt mei syn earste plak dat wy him hjoed dan ek mar efkes lokwinskje. No allinnich mei de jierdei fan juster! Fan herte lokwinske! 

Dizze froulju hawwe der mar ien op kocht!

Harsens derby(1376)
Hâld dizze keeper yn de gaten; Marvin Schwabe. Hy keept hjir by Dútslân ûnder de 20 jier. Spesjaliteit? Panna’s!!





Letter miskien mear!