Weppers woansdei 19-11

Weppers tiisdei 18-11
17 november 2014
Weppers tongersdei 20-11
19 november 2014

SDS 1 wint
SDS 1 hat justerjûn wûn fan de Sweach 1. Doelpunten wiene der fan Erik Haitsma, Teun “Lionel” Heeres en Wytze Lanting út in strafskop.

SDS 2 wint ek
SDS 2 hat juster de oefenwedstryd tsjin Wispolia 1 mei 3-4 wûn. Mei de rêst stie SDS 2 noch mei 1-0 efter. De twadde helte begie SDS 2 skerp en stie it yn in kertier mei 1-4 foar. Goals wienen der fan Pieter(2x), Sjoerd de Vries en Tjeerd de Vries.

It earste keunstgêrs(f)jild is binnen!
Om een steentje bij te dragen aan het kunstgrasproject van SDS zal E5 voor elk door hun gescoord doelpunt in seizoen 2014-2015 één euro beschikbaar stellen.
Tot nu toe is er al 31 keer gescoord. Dus de eerste 31 euro is al in the pocket! We zullen ons best doen om het bedrag zo hoog mogelijk te laten eindigen.
Herman
Mochten der mear teams wêze dy ’t dit wat liket of oare ideeën hawwe, mail it nei
info@vv-sds.nl!

Foto’s SDS E1 – Zeerobben E2
Ôfrûne sneon hat Henk Bootsma wer moaie plaatsjes sjitten by de bekerwedstryd SDS E1 – Zeerobben E2. Jim kinne se
hjir allegear besjen.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn wer los. Sy fuotbalje jûn om 20.30 thús tsjin SWZ 4.

Movember
Om oandacht te freegjen foar prostaatkanker dogge wy wy as SDS ek wat mei 
Movember. Inkelde SDS’ers binne drok oan it sparjen foar in krease snor. Wy wachtsje allinnich noch altiten op de earste foto. No ’t der dizze wike gjin SDS-League is soe it samar sa wêze kinne dat der moarn samar ien op de webside komt te stean. Sa moai as dyn fan Willie Overtoom sil der wol net slagje:


Alderaardichst
Joachim Löw wist by Spanje – Dútslân de rêststân goed te foarsizzen!
View image on Twitter

Harsens derby(1375)

Knap sjoen dat de keeper wat te fier foar de goal stie……..