SDS League: "Tweety" pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 2-12
1 december 2010
Weppers freed 3-12
3 december 2010

It is dizze wike “Tweety”(Willem Twijnstra) dy ’t der mei de wykpriis fan troch giet. Hy pakte 43 punten en dat wie gâns mear as de rest.


Willem Twijnstra mei syn maskotte.

Bryan Ruiz(TWE) en Luis Suarez(AJA) fuotbalje yn elts gefal foar de winterstop net wer. Dit hat fansels ek ynfloed op de stân yn de SDS League. Der is mar ien team yn de top 20 dy ’t Suarez net yn syn team haten dat is Redmer(Strikwerda). Hy stiet no 11e. Opfallend is dat hy Bryan Ruiz ek net yn syn team hat.

“The Ninja Turtles”(Tom & Pieter) steane no noch 2e, mar wy tinke net dat dit lang sa bliuwt. Sy hawwe sawol Ruiz as Suarez.

Greet Bouma(NHIBD) jout de reade lantearne dizze wike oer oan eega Lolke mei “The Butchers”.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 11.