Weppers tongersdei 19-7-2018

Kompetysje-yndielingen 2018-2019 jeugd
16 juli 2018
Weppers moandei 23-7-2018
23 juli 2018

Nij lid

SDS hat der wer in ‘nij’ lid by. Haije-Jan de Boer giet wer fuotbaljen. Hy hat earder yn de jeugd ek by SDS fuotballe. Hy slút earst by SDS 4 oan en mocht dit no hiel goed gean dan kin hy sa hegerop.

SDS Look-a-likes!

Op it WK hawwe jim fêst lju sjoen dy ’t op SDS’ers lykje! Kom mar op mei jim tips! Mail nei info@vv-sds.nl of sds-nijs@home.nl!
Afbeeldingsresultaat voor sampaoli Afbeeldingsresultaat voor harry maguire england

Yn de kantine stean

Op tongersdeitejûns tidens it fuotbalseizoenis is de kantine iepen  foar de lju dy ’t nei it trainen noch efkes ien keapje wolle. No binne wy noch op syk nei in pear frijwilligers dy ’t ien kear yn de twa/trije moanne wol efkes efter de bar wolle. Mail nei info@vv-sds.nl of nim kontakt op mei Pieter Kamstra.

Prizen SDS WK-League

It prizenjild fan de SDS WK-League wurdt nije wike oermakke. Ek wurdt dan it dielnamejild ynkasseard.

Foeilelijke sjurts

By SDS hawwe wy ea ris in rubryk hân mei ‘foeilelijke sjurts‘. Foar it nije seizoen hawwe sommige klups ek wer goed harren best dien:
Xherdan Shaqiri in het derde tenue van Liverpool.
It 3e sjurt fan Liverpool kin hooplik de rest fan it seizoen yn de kast lizzen bliuwe………
De achterkant van het nieuwe keepersshirt van Napoli.
It keeperssjurt fan Napoli fan echt slangenleer?
Het nieuwe thuisshirt van Napoli.
Ek it thússjurt fan Napoli is net om nei hûs te skriuwen………..
Het nieuwe uittenue van Athletic Bilbao.
It útsjurt fan Atletico Madrid an sich giet noch wol, mar dy sponser makket it hielendal ôf……….
Cristiano Biraghi in het nieuwe thuistenue van Fiorentina)
Under it sjurt fan Fiorentina mei allinnich mar in pears broekje fansels!

Alderaardichst

In soad lju hawwe in Real Madrid sjurt fan Cristiano Ronaldo. No ’t hy nei Juventus fertrokken is kinne je fyftjin dingen dwaan om in nij Ronaldo-sjurt te krijen………. Of de brúne lûke en flink ta de bûse of kreatyf wêze!

Harsens derby (2038)

Ho!