Weppers tongersdei 19-5

De lêste stienen!
17 mei 2016
Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer
19 mei 2016

Nije bestjoersleden!
Wy binne der tige wiis mei dat wy melde kinne dat wy 2 nije bestjoersleden fûn hawwe. Yn de syktocht nei in sekretaris jûch Henk Postma oanjûn dat hy wol ponghâlder wurde wol. Nei der efkes oer neitocht te hawwen hat Anneke Gaastra oanjûn wol as sekretaris oan de slach te wollen. Beide sille yn novimber op de ledengearkomst offisjeel oansteld wurde, mar geane ynkoarten al los en wurde ynwurke troch de sekreatris fan no Gida Heerma en de ponghâldster Baukje de Jong mei Willem Twijnstra.
No binne wy noch op syk nei in nije jeugdfoarsitter as opfolger fan Robert Schildkamp.

Hoekstrataktyk
Krekt as broer Robert bij SDS 1 makke trainer Marco Hoekstra juster mei syn Scharnegoutum gebrûk fan de oerrompelingstaktyk. Nei in heal oere stiet it al 3-0 en dêr komt  FDS net mear oerhinne.  It wurdt noch 3-1 mar Scharnegoutum is kampioen en giet nei de fjirde klasse, Lokwinsken foar Marco en fansels foar Anne Stenekes. Bylden fan de wedstriid binne
hjir te sjen.

NOK Vr1 – SDS Vr1
Justerjûn spilen NOK Vr.1 en SDS Vr.1 tsjin elkoar. SDS Vr.1 ferlear krekt as yn de thúswedstriid. Einstân wie 2-0

D2
Wij hawwe noch in útslach fan in trochdewykse wedstriid. SDS D2 wûn tiisdei mei 2-3 fan koprinner LSC D6.

De lêste stienen!
Justerjûn binne de lêste stienen rûn it haadfjild derút helle. Hjirby wolle wy al dy lju dy’t de ôfrûne hjirby holpen hawwe noch efkes tank sizze.

SDS 2
SDS 2 sil jûn noch efkes traine om 19.00 oere. Kommende sneon spylje sy om 12.00 oere foar de neikompetysje ús by De Wâlde 2.

A1-toernoai
De A’s sille it seizoen definityf ôfslúte as sy meidogge oan it Jelle-Eijzinga-toernoai fan sc Berlikum. Sy spylje dêr op 4 juny. It toernoai begjint om 10.00 oere. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer
Op freed 10 juny wurdt der in ôfskiedswedstryd organiseare foar Anne Brouwer. Fanôf moarn kinne jim oanjaan as jim ek meidwaan wolle oan de barbecue. De kommende dagen mear oer ien en oar. As jim noch krease foto’s fan Anne hawwe dan meie jim dy wol maile nei info@vv-sds.nl.

SDS-klupliet op Youtube
It SDS-klupliet Wy binne sljocht op SDS stiet no op Youtube!


Harsens derby (1715)
Lekker efkes foar it selsfertrouen 😉