Weppers tongersdei 19-2

Kompetysje-yndielingen jeugd
19 februari 2015
SDS League: 3 wykpriiswinners!
19 februari 2015

Durk Okkema
Begjin desimber krige ús haad technyske saken Durk Okkema flink lêst fan evenwichtsstoornissen. Hy is hjir noch altiten fan oan it bekommen. Dit giet net hurd en dit falt him aardich tsjin. Wy hoopje him ynkoarten wer gauris op it sportpark te sjen. Sels tinkt hy der ek sa oer. It herstel giet allinnich aardich gestaach dat hy net sizze kin wannear ’t hy der wer is. De technyske saken wurde op dit momint safolle mooglik opfongen troch de rest fan it bestjoer. Mocht der wat wêze skorrm dan net om Robert Schildkamp of Willem Wijnia oan te sjitten.
Durk! Betterskip tawinske!

Traine en nei de kantine!
Jûn sille SDS 1, 2 en de A’s wer noflik yn Easterein traine en nei de tiid efkes ien keapje yn de kantine. It wurdt fêst in noflike jûn, want Pieter Kamstra hat bartsjinst!
En der is ek noch allegear Europa-League fuotbaljen op de tillevysje mei AS Roma – Feyenoord en Ajax – Legia Warschau. Kom ek!

Klaverjasse
Moarn is der wer in klaverjastoernoai yn de fuotbalkantine. It begjint om 19.30 oere en der sille 3 bomen klaverjast wurde. De organisaasje is yn hannen fan Sipke Hiemstra. Der wurdt striden om fleisprizen.

Nijland 1 – SDS 1
Kommende sneon spilet SDS 1 tsjin de koprinner fan dit momint yn 3A. In leuke streekderby tochten wij. Mar fine se dat yn Nijlân ek? Sjoch
hjir.

Nijland 1 – SDS 1 (2)
Soenen der moarn wer SDS’ers op it Bogerman yn Wommels wêze dy ’t “Nijlanner” leraren Peter van Dalfsen en Douwe Posthuma te pakken nimme y.f.m. de derby fan kommende sneon?

Wy binne benijd!

SDS 4 en 5 de seal yn
Tongersdeitejûn om 21.00 oere geane SDS 4 en 5 de seal wer yn. Fansels nimme se allegear efkes in eurootsje mei.

Rinroute

In soad spilers binne foarspelbaar yn harren aksjes. Dat levert dan ek faak gjin sukses op. Dêrom is it sa goed fan Robben dat hij wol suksesfol is. Want hij is sa foarspelber as wat. Hij kiest ien fan dizze twa routes.

Harsens derby (1437)
Harsens derby!!