SDS League: 3 wykpriiswinners!

Weppers tongersdei 19-2
19 februari 2015
Weppers en seleksjes
19 februari 2015

Oan dizze edysje fan de SDS League dogge 66 teams mei. Hjir binne wy tige wiis mei.

De earste stân fan de SDS-League is suver wat ferrassend te neamen. Mooglik komt dit trochdat de wedstryd AZ – PSV net meitelde. Der binne yn elts gefal 3 wykpriiswinners. “FC Duits” (Ayanle Barkat), “Jodan Boys”(Jeroen Brouwer) en “Moai sTom”(Wijnia) meie it prizenjild diele. It docht mar bliken dat it net altiten goed is om te wikseljen. Ayanle liet syn team fan de earste helte fan de SDS League fol fertrouen stean en stiet no boppe-oan.

Tom Wijnia wie “Moai sTom”. Hy soe Kishna fan Ajax deryn sette, mar gie dochs foar Schöne. Dit kostet him de wykrpiis, mar mei in dielde wykpriis waard it dochs noch wat “moais Tom”!

“Torpedo (Jaap) Toering” moat noch efkes op gong komme. De foarige edysje waard hy noch earste en no begjint hy op it lêste plak mei ien skammel puntsje. It sil him net folle útmeitsje trouens. Nei de winst fan SC Cambuur op SC Heerenveen is syn seizoen al slagge.


Jim kinne hjir de nijste stân besjen:
wike 1.