Evenementen in november 2022

SDS League: Ozzy pakt wykpriis!
18 maart 2010
Weppers freed 19-3
18 maart 2010

Seal: SDS 1 wint foar 4e kear op ‘e rige
SDS 1 hat juster op ‘e nij wûn. Mei mar leafst 15 taskôgers(seizoensrekord) op de tribunes waard der thús mei 4-3 wûn fan Urk 4.
Urk begie de wedstryd op heech tempo en SDS moast alle silen bysette om harren by te hâlden. Dochs waarden sy net gefaarlik en krige SDS de kânsen. By de rêst wie it dan ek al 3-0 troch doelpunten fan Freek(2x) en Peter. Nei de rêst sette Urk noch efkes oan en kaam op 3-1. De 3 punten liken net yn gefaar te kommen. Hielendal net nei de 4-1 fan Tsjipke. Troch in maklik jûn penalty koe it dochs noch 4-2 wurde 5 minuten foar tiid en in minút letter waard it sels noch 4-3. De lêste minuten wie it billenknipe foar SDS, mar de kânskes fan Urk foelen krekt oan de goaie kant fan de peal.
SDS moat no noch 2 kear fuotbalje en stiet op it 5e plak. De folgende wedstryd is op 14 april……..

Klaverjasse
Fansels is der jûn trainen foar alle senioren. Mar binne je blesseard, fine je neat oan trainen, witte je net iens wat trainen is of binne je fan miening dat trainen dochs net helpt dan is der jûn gelegenheid om in kaartsje te lizzen yn de kantine fan SDS. Om 19.30 begjint it, graach op tiid der wêze.

Tasmanie
Tsjeard en Jannie binne noch altyd oan it wrâldreizgjen. No sitte se yn Tasmanie. Harren ferhaal stiet
hjir.

Earste aai
It falt ús wat ôf dat it earste SDS ljipaai noch net fûn is. Miskien is it dochs goed dat ljipaaikoordinator Marco dy aaisikers wat bijles jout, want in aaike fine yn april is sels foar ús gjin keunst.

Foeilelijke sjurts (3)
Wy krigen in tip oer in ferskriklijk lelijk sjurt fan Sytse Hibma wêr ’t wy ús hielendal yn fine kinne:
De keeper Jorge Campos fan Mexico hat ek yn it circus sitten!
Sytse Hibma

Hawwe jim ek in ferskrilk sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt

Glenn Helder, c’est la vie
Glenn Helder fuotballe yn it ferline by û.o. Sparta, NAC, Vitesse en Arsenal en spile inkele kearen yn it Nederlâns alvetal. Ek koe hy geweldich drumme. Der wie ek in oare kant. Sa gokte hy fiersten tefolle en belâne hy sels yn de finzenis. Juster wie der in dokumintêre oer him by de KRO (klik
hjir). 

VI-kwis
Foar de leafhawwers hat de VI wer in hearlike Paspoortenkwis (klik
hjir).

Harsens derby (167)
De ferdigener fan Flamengo dy ’t ôfrûne wykein in penalty feroarsake om ’t hy de spits fan Vasco da Gama ûnderút helle, hie al gau spyt. Om it goed te meitsjen túte hie de spits yntins. Neffens ús hie hy dochs oare yntinsjes. De spits fan Vasco wie der hielendal ôf en miste de penalty. Letter yn de wedstryd mocht hy noch in pingel nimme en ek dy miste hy. Wy kinne it ús hielendal begripe:

P.s. Flamengo wûn mei 1-0…………