SDS League: Ozzy pakt wykpriis!

Weppers woansdei 17-3
16 maart 2010
Weppers tongersdei 18-3
18 maart 2010

It is fan ‘e wike “Ozzy” fan Hendrik Eringa dy ’t de wykpriis pakt. Hy hat krekt ien puntsje mear as “FC Bakkerskonken” fan Skelte Anema. Skelte nimt al de kopposysje oer fan “Boem Boem Baarda” fan Dirk-Yde Sjaarda.

Hendrik Eringa hat dúdlik wat mei 37. Sawol yn wike 1, 2 , 3 as 5 pakte hy 37 punten. No pakt hy de wykpriis mei 74 punten. En wat sjogge wy no? Ynderdaad; 2×37 is 74…………..
It getal 37 is net samar in getal. Sa is it in priemgetal en de normale lichemstemperatuer yn graden Celsius en:
“37 is het enige tweecijferige getal (in het decimale stelsel) met de volgende eigenschap: Het verschil tussen de twee afzonderlijke cijfers is gelijk aan de vierkantswortel van het verschil tussen het getal zelf en kleinste gemene veelvoud van de afzonderlijke cijfers”
Gean der mar oan stean…..


-13 = 37……………

Jacob K(ah) Haitsma sakket dizze wike fan 5 nei 10 mei www.kaatspartuur.nl. Wy ferwachtsje dat hy net earder yn de top 5 fan de SDS League komt dan dat dy webside ek echt klear is.

Fan de froulju stiet “Jorine ’s 11” fan Jorine van Dijk noch altiten it heechst. Sy stiet 19e en stiet dêrmei 3 plakjes foar op Joke Delfsma mei “Van alles wat”. Amarins Hendriks is de folgende frou op 33 mei “FC Blokje Tsiis”.

Foar de reade lantearnedrager “FC Supermario” fan Doede Rients Okkema is it in spesjale wike. Hy giet oer de 100-puntengrins en kom op 101 punten. Hy bliuwt noch wol stiif en de stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 6.