Weppers tongersdei 18-2

SDS League: Mark pakt wykpriis!
18 februari 2010
Klaverjasse bij SDS
19 februari 2010

Kompetysje
Je soene it hast ferjitte mar kommende sneon steane der wer wat wedstriden ynpland. It sil wol neat wurde mar dochs.

12:30 SDS 3 – Blauw Wit ’34 3
14:00 SDS DA2 – Tzum DA1 – (oefen)
12:45 Hardegarijp 2 – SDS 2
12:45 Workum A1 – SDS A1
15:00 Bant 1 – SDS 1
Wat opfalt is dat SDS 5, dat dit jier teistere is troch allegear wedstriden dy’t ôflast waarden, no net hoege yn te heljen.

SDS 1 seal ûnderút
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe juster mei 7-4 ferlern fan koprinner Trynwâlden VC. It byld fan de wedstryd wie aardich itselde as foarige wike. Yn in poep en in skeet stie SDS alwer mei 4-0 efter. SDS kaam werom oan ’t 4-2, mar nei kânsen op 4-3 waard it dochs 5-2 krekt foar de rêst. Yn de twadde helte kaam SDS werom oan ’t 5-4, mar nei de 6-4 wie it dien foar SDS. Úteinlik waard it dus noch 7-4. De goals waarden makke troch Tsjipke (2), Peter en Willem.

SDS 2
SDS 2 traint moarn en tiisdei yn Snits op keunstgers om 18.30. Fourt om 18.00 oere.
Klaas


Stoffel
“It reint op de Gastmar” sjongt Jarje op harren LP en CD. It is de fraach at sneon foar Stoffel de sinne skynt op de Gastmar. Hij moat noch twa partijen Frysk damme en soe noch wol in heal puntsje brûke kinne neffens ús. Oars hat it degradaasjespûk him te pakken.

Klaverjasse
Jûn om 19.30 kinne de kaarten wer skodde wurde tidens de trije boomkes klaverjassen yn de kantine fan SDS.


Ajax – Juventus
In delegaasje SDS’ers sil jûn nei Ajax – Juventus. Sytze Hibma, Eeltsje, Hjalmar, Mark, Ralph, Henk, Jaap, Jelmer en Willem pakke de bus fan 12.00 en hoopje 0.00 wer thús te wêzen. De Amsterdamse plysje hâldt al rekken mei harren komst (klik
hjir).

Harsens derby (143)
De kâns dat Ajax jûn wint fan Juventus is like grut dan dat Buffon wolris in blunderke makket………..:


Letter miskien mear!