Klaverjasse bij SDS

Weppers tongersdei 18-2
18 februari 2010
Weppers freed 19-2
19 februari 2010

Klaverjasse
Tongersdeite wie der foar de earste kear in klaverjaswedstriid op jûn. Der kamen 12 striders op ôf en dy gyngen wer om goud, sulver en brûns striden. En omdat Nederlanners bij de OS te faak op plak 4 einigje wer der ek in fjirde priis. Gatske die de ynskriuwing en omdat sij fierder hielendal gjin ferstân fan kaarten hat, koe sij dêrnei wol nei hûs. Want it regele him allegear fansels wol wat.


Siferkeunstenaar Oebele Anema gie oer de útslaggen. Nei ôfrin fan de trije bomen mocht hij ûnder tafersjoch de rijtsjes optelle. Dit om foar te kommen dat earst ferkearde minsken de fleis yn hannen krigen.


Wilco Overal einige op it oer-Nederlânske plakje: nû 4.


Annie Sjaarda, net fit, mar op karakter nei it brûnzen fleis


Djoke Dijkstra liet sjen dat sij talint hat en gie dan ek mei sulveren karbonades nei hûs.



De earste priis koe Oebele Anema net útrikke omdat dy foar himsels wie. Feike Jorritsma lokwinske him dan út namme fan de oaren.