SDS League: Mark pakt wykpriis!

Weppers woansdei 17-2
16 februari 2010
Weppers tongersdei 18-2
18 februari 2010

De dei kin no al hast net mear stikken foar Mark Postma. Hy pakt dizze wike de wykpriis! No Ajax jûn noch efkes winne fan Juventus!

Mark no al út de skroefen!
 
Mark Postma pakt krekt ien puntsje mear as “Team Pussy” fan Tsjalling Sikma. As Tsjalling moarn 3 goals makket yn de oefenwedstryd mei SDS 1 tsjin vv Emmeloord dan is syn wike dochs noch goed.

“Ajarnox” fan Bas van der Weij komt 2 punten te koart foar de wykpriis. In oerwinning jûn fan Ajax op Juventus soe alles goed meitsje.

Jacob K(ah) Haitsma komt mei 54 punten ek krekt te koart foar de wykpriis. Wy tinke net dat hy dizze klap noch te boppe komt fan ‘e wike of Ajax moat jûn winne, hy hâldt moarn mei SDS 1 de nul tsjin vv Emmeloord en al syn “krrospasses” slagje. Útsletten dus….

Oebele Anema pakt dizze wike mei “De Finne sil winne” mar leafst 54 punten. No jûn it klaverjassen noch efkes winne en syn wike kin ek net mear stikken.

Ek “Roger Federer” fan Bram van Beem pakt mar leafst 54 punten. No op 3 maart in goeie slach slaan mei de ferkiezingen en syn jier kin ek net mear stikken.

Doede Rients Okkema hat mei “Supermario” syn fertroude stekje alwer opsocht. Hy hat de reade lantearn oernaam fan “Torpedo Toering”.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.