Weppers tongersdei 17-11

Weppers woansdei 16-11
16 november 2016
Weppers freed 18-11
18 november 2016

Kaartsje nei Anne

Anne Brouwer moast in oare hartklep hawwe en is juster opereard. Wy hawwe fernaam dat hy it nei omstannichheden goed makket. Efkes in kaartsje stjoere sil him fansels hielendal goed dwaan.
Jim kaartsjes kinne nei:
MCL,
Henri Dunantweg 2,
Ôfdieling J, keamer 3,
8934 AD Ljouwert

Kaartsje nei Ate

It adres om in kaartsje te stjoeren nei Ate Vellinga is:
Van Andel kliniek, Nij Smellinghe
Compagnonsplein 1, 9202 NN Drachten

Gjin seleksjes

Dit wykein gjin senioren fuotbal, dus ek hast gjin seleksjes freed. Wij ferwachtsje allinne dy fan de froulju dy’t sneon om 14.30 thús spylje.

Kantine

Jûn gjin nije stân fan de SDS-League en gjin fuotbaljen op de tillevysje, mar de kantine is fansels wol gewoan iepen. Moai tiid om efkes in praatsje te meitsjen. DJ Allert Turksma sil in rêstich muzykje draaie en ûnderwilens eltsenien foarsjen fan in hapke en in snapke.

Skiedsrjochterkursus

De skiedsrjochterkursus sit ynmiddels fol!

NNRD OFK (foarhinne Midwintercup)

Begjin jannewaris fynt wer it jierlijkse Iepen frysk kampioenskip sealfuotbal oftewol it NNRD OFK, plak yn de Trije yn Frjentsjer. Foar SDS sille der in fjildploech in sealploech en in frouljusploech hinne. Moarntejûn om 20.30 oere is de lotting fan de foarrondes yn de Trije.

Klipke

Yn de nije klip fan De Suskes spylje twa spylsters fan MO15-1. Wa sjocht se? Sy sille fêst ek op de nijjiersresepsje fan SDS komme op 7 jannewaris as Sipke de Boer sûnder De Suskes nei de SDS-kantine komt. Sjoch hjir foar de klip.

Rektifikaasje

Appie Posthumus tipte ús noch efkes oer in wepper fan juster. De bekerwedstryd fan vv Schrnegoutum sneon út tsjin Ropta Boys begjint net om 14.30 oere, mar om 15.00 oere.

Alde doaze

sds4-1986

In foto út 1986 fan SDS 4 en miskien rint er no noch wolris ien om yn de trui. Dúdlik is wol dat Klaas Overal der hjoeddedei net folle âlder útsjocht

Harsens derby (1793)

Dit is in knappe redding!