Weppers woansdei 16-11

SDS-klean te keap!
15 november 2016
Weppers tongersdei 17-11
17 november 2016

Oefenje

SDS 1 hat justerjûn traind en docht dit tongersdei ek gewoan. Sneon binne sy frij en tiisdei sil der om 20.00 oere thús oefene wurde tsjin de ploech fan âld-SDS-trainer Lykle Bleekveld, sc Franeker 1 (sneons). De tongersdeis wurdt der dan wer traind en sneon 26 novimber spilet SDS 1 dan wer foar de kompetysje út tsjin de (dield) nûmer 2 Workum 1.

Ynhel/beker

Kommende sneon is der in ynhel/beker-wykein. By SDS 1 yn de kompetysje is der neat ôflast, mar dochs wurdt der fuotballe. Bant 1 – QVC 1 spylje harren wedstryd ‘foarút’.
In nijsgjirrige bekerwedstryd is sneon fansels om 14.30 oere Ropta Boys 1 – Scharnegoutum 1 mei de âld-SDS’ers Wytze Lanting en trainer Remco Bervoets. Dêrnei is de bekerderby tusken de Ljouwerter ploegen fan FVC 1 en Blauw-Wit ’34 om 19.00 oere ek fêst de muoite wurdich om efkes te sjen.

Perioadekampioen?

De KNVB wie net hielendal dúdlik yn harren belied oangeande de perioades by SDS 2 yn de kompetysje. Dêrom hawwe wy juster mar efkes belle. It sit sa:
De perioades by SDS 2 yn de kompetysje geane net oer 8 of 6, mar oer 10 wedstriden om ’t der 11 ploegen yn de kompetysje sitte. Der binne 2 perioades wêr ’t om fuotballe wurdt en de 3e giet nei de heechste yn de einstân. Dat betsjut dat SDS 2 yn elts gefal noch ien kear knalle moatte foar in Perioadetitel! VVI 2 stiet boppe-oan yn de 1e Perioade mei ien punt foarsprong. Om ’t SDS 2 in better doelsaldo hat folstiet in lykspul op sneon 26 novimber thús tsjin vv Nijland 2. De stân op voetbal.nl is as it goed is oanpast.

Fotosjenyk?

De spilers fan SDS/Scharnegoutum JO-19-1 binne blykber aardich fotosjenyk. Ferline wike út by Zeerobben kamen sy al útgebreid op de foto en ôfrûne sneon wie itselde it gefal thús tsjin CVVO JO-19-1 (sjoch hjir).

Troch de eagen fan WPB

SDS 2 spile sneon mei 2-2 lyk út tsjin Waterpoort Boys 2. Op de webside fan WPB is in wiidweidich ferslach te finen.

Fûn?

Ôfrûne sneon is in spiler fan Zeerobben JO-11-3 syn gehoorapparaat ferlern. Mooglik is it yn in boks fan SDS ferlern. As ien him fûn hat graach efkes maile mei info@vv-sds.nl!

Keunstgers

Op mear as 600 fjilden is ynmiddels ûndersyk dien nei it gebrûk fan meale autobannen op keunstgersfjilden. Ein dizze wike of begjin nije wike komme as it goed is de earse útslaggen. It sil ús benije (klik hjir).

Plannen KNVB

Yn it AD fan juster stienen de nije plannen fan de KNVB oangeande it jeugdfuotbal moai omskreaun. Hjir yn waard ek noch efkes ein dat de KNVB yn jannewaris besjen sil wat alle klups fan de nije ideeën fine en of sy der folgend seizoen lyk mei los wolle. De grutste feroaring kinne jim hjirûnder sjen. Klik op de foto om it wat grutter te sjen. Klik hjir foar it hiele artikel.
plannen-knvb-jeugd-2017

Juiche!

Ús favorite kolumnist Sjoerd Mossou hat foar it AD wer in alderaardichste stikje skreaun. Lês hjir hoe ’t je neffens him it beste jûcheie kinne!

Harsens derby (1792)

Miskien in goed idee om dizze wike ris efkes op korners te oefenjen.