Weppers freed 18-11

Weppers tongersdei 17-11
17 november 2016
Ferslagen sneon 19-11
18 november 2016

Seleksje VR 1

Kommende sneon de nijsgjirrige streekderby SDS VR 1- vv Scharnegoutum VR 1. It begjint om 14.30 oere en je soene hast sizze dat giet altyd troch.
Seleksje: Alize, Lysanne, Hester, Akke-Rixt, Amarins, Agnes, Sieta, Alissa, Sanne-Rixt, Janieke, Tjitske, Jeska, Geeske en  Gerry-Edou.
Flagger: Bertus Bootsma

SDS-MO tsjin Makkum-JO

Komende zaterdag spelen de meiden van SDS een oefenwedstrijd: De Meisjes tegen de Jongens!
Een samengesteld team van MO15-1 en MO15-2 van SDS neemt het op tegen de JO15-2 van Makkum. De wedstrijd begint om 10.45 in Makkum. Wie zal dat gaan winnen? Wij zijn benieuwd!

Oefenje

Der binne moarn 2 oefenwedstriden yn Easterein. SDS JO-9-2 oefent om 11.00 oere tsjin DWP JO-9-2 en SDS JO-15-1 oefent om 12.00 oere tsjin SDS JO-15-2.

Efkes Balje

Hurde wyn, rein…it komst hast nea foar op freedtejûn. Soe dat no wol sa wêze? En hat dat gefolgen foar de opkomst? Wij sille it sjen om 19.30

Foto’s JO 15-1

stan-korbach-2016

Dizze prachtige foto is sneon makke troch Anneke Aardema bij de wedstriid SDS JO15-1 tsjin Frisia JO15-2. In foto mei in ferhaal. It ferhaal dêrbij is dat Stan Korbach de keeper omspile hie, nei it lege doel keutele en in pear meter foar de line oerend hurd de bal yn it doel sjitte soe (dat hat hij net fan in frjemd want syn heit docht bij it Efkes Baljen net oars).  It skeelde net folle as de bal wie oer gien…..  En om fragen foar te kommen: Stan hat gewoan twa fuotten…..en oan dy oare hie hij ek in gekleurde skoech,  Mear foto’s binne hjir te sjen.

Der op út!

De 3 musketiers Smit, Jorritsma en Posthumus sille moarntemiddei efkes nei Nijlân. Sy sjogge efkes by harren Nijlanner maat Huitema dy ’t fêst ek efkes by Nijland 1 – CVVO 1 te sjen is. Miskien wol ferstannich as de mannen moarn noch efkes op de webside fan Nijlân te sjen as it wol trochgiet.

Hoe yn Europa?

jeugdfuotbal

Dizze wike yn de media oandacht foar de plannen foar de nije kompetysjeopset fan de KNVB. Nijsgjirrich is ek om te sjen hoe’t it yn oare lannen is en at dat ek wat seit oer de prestaasjes fan harren nasjonale team.

Harsens derby (1793)

It Ierse alvetal wie yn Eastenryk ôfrûne wike en de supporters fermakken harren poerbêst. Hielendal doe ’t sy mei ‘Jurgen Klopp’ yn de metro sieten.