Weppers tongersdei 16-9

Weppers woansdei 15-9
14 september 2010
Weppers freed 17-9
16 september 2010

SDS 4 ôflast
De wedstryd tusken SDS 4 en EBC 2 giet sneon net troch. Dit is net om it minne waar of in wiet fjild, mar om ’t EBC te min minsken hat. Wêr hawwe wy dit faker heard? Hat dit ek mei de 16.15 wedstriid te meitsjen?

Gjin puntferlies
Wij binne der wis fan dat SDS 6 sneon gjin puntferlies lied. Want  SDS 6- Top 3 giet net troch. De reden is dat TOP te min spilers hat. Hat dat mei de 16.15 wedstriid te meitsjen?

En dat is trije…
SDS 5 hat sneon in thúswedstriid. Wij bedoele mear fan, dy hiene sneon in thúswedstriid hawwe sillen. Want foar de twadde kear yn trije wiken giet SDS 5 al wer net net troch op. Wij freegje ús ôf at der ek oare leuke sporten binne op sneon.

Seleksjes traine A-,B- en C-seleksje
By de weppers fan woansdei kinne jim de seleksjes fine foar it trainen fan jûn.

SDS League
Krekt as al dy oare jierren nimt ek dizze kear de SDS League wat mear wurk yn beslach dan way tochten. Hjoed komt de nije stân net mear op de webside, mar hooplik hinget der jûn al yn de kantine. De stân komt dan moarn op de webside.

Fet mjitte
Foarâfgeande oan de training jûn, wurdt fan degene dy’t op de list steane fan Trainingsseleksje SDS1 it fet% metten.
Degene die op dat tiidstip behannele wurde moate, kinne dat dwaen litte troch Hendrika.
Ek Jort, Arjan L, Elger (op de trainingslist fan SDS2) en ek Sytse K. efkes melde by my yn box 6, foar itselde en ek nog foar it opmjitten fan jimme gewicht.
Grtn Dooitze

Stoere binken
Net dat it no lekker waar wie sa op it ein fan de woansdeitemiddei. It reinde net, mar it eaze betiden. Mar de trainers fan E3 hawwe oan it begjin fan it seizoen al oanjûn, dat de training fuort net ôflast wurdt. En dêrom wiene se der allegear. En Remco Delfsma wie sels noch op de fyts kommen ek. 
Dat se der allegear wienen hie ek te meitsjen dat der wat te fertsjinjen wie. In doaske drop foar de beste peal en latte sjitter. Wessel en Sietse bleaunen oer en it wie Sietse dy’t yn de finale de latte teistere. At jim Sietse moarn tsjin komme mei swarte tosken dan hat er se allegear allinne opiten.

Seal: SDS 1 pakt punt
SDS 1 hat juster út tsjin Futsal Heerenveen 2-2 spile. Op ‘e nij sûnder wiksels moasten de mannen oan ’t it úterste gean en behellen terjochte in punt. Feite en Willem skoorden.

Traine SDS 4,5 en 6
Wij hawwe fan de lieders fan SDS 4,5 en 6 trochkrigen dat der jûn training is foar elkenien. It begjin om 20.15 oere. Alle trije alvetallen hawwe dizze kompetysje noch net ferlern en dat wolle se graach sa hâlde.

VI-Kwis
It waar wurdt minder, dus je sitte wat mear yn ‘e hûs. Dan hawwe je ek wat mear tiid foar in aardich kwiske. Wa wit hoe ’t it sit mei dizze bondscoaches?

Wiepkje en Robert werom út Barcelona
Efkes in reaksje op us fakansje yn Barcelona, de wedstriid fan ofrune sneon. Yn tsjinstelling op alle reaksjes dy’t we krije, bale wy net fan de utslach. Siz no sels, by Hercules spielje twa nederlanders, werfan ien yn ‘e basis stiet en dy’t oan ‘e basis fan de 1e goal stoen. Dan is it dochs ek in goed gefoel dat de ploech mei nederlanders gewoan better wie, hiel slim spiele en efteryn as in blok stoen. It wie terjochte en dan gean je net mei in min gefoel ut it stadion wei. Nei juster wurdt Messi de hiemel wer ynprezen, mar wy hawwe de oare kant ek sjoen (dy kant fan it WK siz mar). Al mei al is it sa’n belevenis; it fjild dat der sa superstrak byleit, de 100.000 taskogersplakken, it Barca-liet, de beleving fan de echte Catalanen en net te ferjitten it moaie waar (je kinne yn koarte broek en t’shirt de wedstriid sjen, dat hoef je by Hearrefean dochs net te probearjen, behalve Willem dan). Boppedat troffen wy it sa dat sneon in feestdei fan Catalonya wie, hjirmei waard foarof de wedstriid ynlieden mei it folksliet, allegearre hiele lytse takomstige Barca spielers en sa’n 10 kanonskugels. It wie prachtig om der by te wezen en ja, it is jammer dat se ferlearen, mar wie foar us gjin smet.
Groetnis Robert en Wiepkje

Drenthe spile knap by Hercules Alicante.


Piet Velthuizen siet op de bank by Hercules.

Harsens derby(293)
Ûndanks de winst fan Hercules op Barcelona bliuwt Messi fansels in maatsje te grut foar Drenthe: