Weppers freed 17-9

Weppers tongersdei 16-9
15 september 2010
Seleksjes sneon 18-9
16 september 2010

Oefenje
Door een gat in de programmering is het gelukt om morgen alsnog een oefenwedstrijd voor D1 te regelen. Om 10 uur tegen Akkrum D1. Wie technisch verzorgd voetbal wil zien, komt koffiedrinken op de Skoalleseize tegen die tijd!
Tjerk

Seleksjes
De seleksjes fan in beheind oantal seniorenalvetallen sille hjoed noch pleatst wurde.

Rûnom Easterein 2010
De ynskriuwing rint alwer hast 2 wiken en der
binne al flink wat fytsers dy de útdaging oangean.
Wolst do ek meidwaan? Jou dy dan op en stjoer
in email nei
dysjaarda@gmail.com. DYS

Webshop
Webshop!
De senioren fan SDS 4,5, en 6 hawwe sneon frij. Sij soene dus mei in gerêst nei de stêd kinne. Mar se kinne ek nei de webskop fan SDS gean. Wol sa maklik en it lange wachtsjen foar de winkels mei oare lotgenoaten is dan net nedich.
Oan ’t no ta is der foar €1100,- oan klean besteld.
Moarn yn de bestjoerkeamer kin der noch klean post wurde foar de goeie maat.
Der kin dizze wike noch besteld wurde sadat nije wike de oarder de doar útgiet.

Tiid foar de enkête
Dy selde spilers fan SDS 4,5 en 6 soene ek moai tiid ha om
de enkête yn te fullen. Ek oaren dy’t it noch dien hawwe wurdt frege it no te dwaan.

Kalkje
Ôfrûne sneon koe Harm Bergsma tidens de wedstryd fan D1 noch moai efkes kalkje:

Harm Bergsma ontwykt de peal krekt op ‘e tiid.


Eltsenien folge de wedstryd(al stiet O.B. te slûgjen), mar Harm Bergsma bleaun gekonsintreard de line folgjen.

Oare SDS
Yn Wekerom is der ek in fuotbalklup dy ’t SDS hyt. Of eins SDS’55.
Hjir kinne jim harren webside fine. Binnenkoart heare wy mear fan André Vink oer ien of oare “gearwurking” tusken SDS en SDS’55.


Efterút ynparkere
Mochten de wedstriden fan de SDS-froulju moarn ôflast wurde dan soenen sy noch meidwaan kinne oan it Benelux-kampioenskip “efterút-ynparkere” foar froulju(klik
hjir).

Harsens derby(294)
Yn Liverpool hawwe je in read of in blau hert. Oftewol je binne foar Liverpool of Everton. Oftewol je hawwe in reade of in blaue auto en dan kinne je better net de ferkearde ôfslach nimme……..