Weppers freed 17-6

Weppers tongersdei 16-6
16 juni 2011
Slagge weppers
18 juni 2011

Yn de finale
Jûn om 19.30 oere stiet Easterein yn de finale fan it Jeu de Pelote yn Littens. Tsjinstanner is Dronyp. Komme de Eastereinder jûn mei it pealtsje fan Easterlittens thús?

Transfernijs
Op 15 juny slúte de oerskriuwperioade fan de amateurs. Wij sieten noch wol wat te wachtsjen op in oansprekkende oerskriuwing nei SDS, want yn it kamp fan Nijlân rûsde it fan it nijs dat ien of sels twa spilers (mooglik broers) oerkomme soene. Wij hawwe no begrepen dat se op it alderlêste momint keazen hawwe foar de top. Top ’63 wol te ferstean.

Jild
Fuotballers en trainers geane altyd foar it jild
Ek dizze wike waard wer dúdlik dat fuotballers en trainers altyd foar it jild geane.
In Belgyske trainer bij Twente dy’t de iene moanne noch ropt dat Twente syn thús is, de oare moanne tekent bij in sânbakklup.
In AZ spiler (Schaars) dy’t de iene wike ropt dat hij syn sinnen set hat op PSV en de oare wike bij Sporting Lissabon tekent.

Drege namme
It is wat mei dy namme Posthumus. Earst sûnder “h” en no al sûnder “hu” . Sjoch
hjir

Mooglik letter mear.