Weppers tongersdei 16-2-2017

Yn aksje foar de munten
15 februari 2017
SDS-League: Rick pakt wykpriis!
16 februari 2017

G.n.t.

It is noch mar tongersdei, mar it is no al wis dat sommige wedstriden sneon net troch gean. De wedstriden fan SDS 3 en JO17-2 binne al ôflast.

SDS VR 1 spilet in prima pot en wint

Justerjûn spile vr1 harren earste oefenwedstriid tsjin Mulier vr1. Nei in moaie serie oefenwedstriiden wêrby de froulju neat ferlern hawwe wiene se justerjûn dochs wat senuweftich.
Fan de rêst yn de boks wie op it fjild lyts niks te fernimmen, it wie drok en ûnrêstich. It spul gie hinne en wer wêrby SDS de meast voetballende ploech wie mei de measte kânsen. In pear pechballetjes belanden op de peal, latte, njonken of oer.
Yn de 25e minút skoorde Jeska fanôf in afstandje fia ûnderkant latte in prachtige 1-0. Nei de 1-0 waard it spul wat rustiger, dit soarge krek foar rêst derfoar dat Amarins fanôf in grutte ôfstân seach dat de keeper te fier út it goal kaam wêrtroch amarins de bal der oerhinne skoppe koe.

Yn de rêst wie elkenien it der mei iens, it ûnrêstige moast derút en it middenfjild moast mear oanslute. Flak nei rêst makke Tjitske hiel behearst de 3-0. fanôf doe’t skoorde sds om de 10 minuten. Yn de 55e minút Akke Rixt fanút in rechtstreekste frije trap de 4-0, 65e minút Jeska, 75e minút Sanne Rixt, 85e Minút Akke Rixt.

Dat in de 70/80e minút mulier de 1 makke wie spitich mar it wie in moai oanfal. De 7 doelpunten krikke ús doelsaldo moai op, dat kinne wy ek wol brûke sjoen ús stân. ús folgjende kompetysje wedstriid sil pas 11 maart wêze mar yn de tuskentiid sille wy noch in oefenwedstrijd spylje en genôch traine! Maar de earste puntsjes nei de winterstop binne binnen!

SDS VR1 sneon net yn aksje

Kommende sneon giet de wedstriid ONS BOSO VR2 – SDS VR 1 net troch. De wedstriid wurdt trochskood nei in woansdei yn april omdat SDS wat te min spilers hat.

SDS seal wint ek

De sealfuotballers fan SDS hawwe justerjûn ek wûn. Yn Stobbegat waard mei 4-2 wûn fan FFS.

Beker

Noch ien team fan SDS sit yn de beker. Dat is MO15-1d. Kommende sneon meie sij oantrede tsjin FC Wolvega MO15-1d, De wedstriid wurdt om 10.15 spile yn Wolvegea.

Meet en greet


Yn Wommels wie tiisdeitejûn in bijienkomst fan doarpsbelang om ferieningen harren presinteare te litten oan elkoar en oan de doarpsgenoaten. Under de titel “Meet en greet” wa’t it, ûnder lieding fan Klaas Jansma in noflike jûn. Anneke Gaastra siet yn de stand fan SDS.

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League is jûn te sjen yn de kantine en op de webside rûn in oer as 20.32 oere.

Harsens derby (1838)

Toet , toet!