Yn aksje foar de munten

Weppers woansdei 15-2
14 februari 2017
Weppers tongersdei 16-2-2017
16 februari 2017

Je soene hast sizze kinne dat it al tradysje begjint te wurden. Us foutbalferiening mei ek dit jier wer meidwaan oan de Jeugdsponsoraksje van Poiesz supermarkten. Yn de Poiesz yn Skearnegoutum dogge we mei troch middel fan in koker wer’t de sponsormunten yn dien kinne wurde. Foarich jier hat SDS ek meidien en ja, dat smyt dochs leuk wat ekstra sinten op foar de klub!

Ofrûne sneon 11 febrewaris mochten wy de spits ôfbite troch fulde koeken te ferkeapjen en de klub ekstra te promoatsjen. In pakje mei 4 fulde koeken sa grut as fleande skûtels oan de man sjen te bringen foar € 2,–. Gjin jild en ferrekte lekker.

We koenen mei ien pakje 15 ekstra munten fertsjinje. De bern lieten de klanten fan ‘e koek priuwe en fûnen de koeken sels ek wol lekker hawwe wy sjoen.

Moarns om tsien oere Emma, Tessa en Renske yn ‘e ferkeap en harren sjarmes yn ‘e striid foar ekstra sponsormunten. Trochdat de klanten it goed mei harren foar hienen krigen se al in protte munten yn ‘e koker. Goed begjin, it heale wurk!
Middeis fanôf healwei ienen wie d’r wikseling fan ‘e wacht.

 

Dêr kaam Lize oan mei 4 entûsjaste jonges. Se hienen d’r wier sin oan en gongen ek fuort los. Sven, Niek, Tygo en Tjeerd Jan hawwe ek harren stjonkende bêst dien en om trije oere siet de koker dan ek oan ‘e harses ta fol. Machtig!!
As se allegeare krekt sa goed fuotbalje kinne as koek ferkeapje dan hawwe wy grutte talinten by SDS. Tige tank foar de ynset jonges en famkes. Jim binne toppers!
De akje rint noch oant en mei 2 april 2017 en wy hoopje fansels op noch in hiele protte munten. Hoe mear munten hoe grutter it bedrag dat SDS kin fertsjinje. Dus de boadskippen de kommende tiid efkes by Poiesz dwaan en dan fansels de muntsjes foar SDS!