SDS-League: Rick pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 16-2-2017
16 februari 2017
Weppers freed 17-2
17 februari 2017

De nijste stân fan de SDS-League is der wer!
It hat dit kear al in bytsje útlis nedich.
Dit kear wiene der sa ’n 22 teams te let ynlevere. Om ’t dit der foar soarge dat wy net in hielendal earlijke stân krije soenen hawwe wy der foar keazen om de teams dy ’t te let (nei sneons 19.00 oere) 5 minpuntsjes te jaan. Dit liket ús it earlijkst!

Dit soarge der úteinlik foar dat de earlijkste jonge fan de hiele Greidhoeke Rick Hendriks mei ‘FC De Rick fan de Kaktus’ der mei de wykpriis fan troch giet. Fan herte lokwinske!
Foto fan Rick Hendriks
Rick keapet der twa op!

‘Happy Feet’ fan Habtamu en Emke de Hoop en ‘Bla bla blafke’ fan Ate Feike de Boer komme krekt te koart foar de wykpriis. Opfallend is dat ‘Bla bla blafke’ dit docht mei eksakt itselde team as foar it winterskoft……

Sjoerd van Beem is in man fan tradysjes en begjint mei ‘Frysk Bloed Tsjoch op’ gewoan wer op it plak wêr ’t hy foar it winterskoft bleaun is. Op it 5e plak!

‘Ik gean foar de poedel’ fan Douwe Reitsma hat lyk al grutte konkurrinsje ûnderyn, want Marco Rijpkema fan ‘Maccabi Marco’ giet der yn de earste wike mei de reade lantearn fan troch.

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 1.