Weppers tongersdei 15-1-15

Weppers woansdei 14-1
14 januari 2015
Weppers freed 16-1
16 januari 2015

Gjin trainen op it trainingsfjild
Er kan vanavond niet getraind worden op de trainingsvelden.

Oetze

Wol traine op it MFT
Op it trainingsfjild sil der hjoed wol wer net traind wurde kinne. Der kin wol hiel goed traind wurde op it MFT. Brûk dan wol in plofbal sadat je de moaiste panna’s meitsje kinne en de bal net alle kanten op stuitert. De goals steane der al!

SDS 2 nei Dronryp
SDS 2 traint jûn û.l.f. Piet Roersma om 20.00 oere op it keunstgêrs yn Dronryp.

Seal
Jûn om 21.00 oere geane SDS 4 en 5 de seal yn. Fansels nimme se in eurootsje mei.

Gjin efkes boljen
Foarige wike hat it fjildsje foar de boksen aardich te lijen hân ûnder it minne waar en it efkes boljen. Der kin dan moarn ek net efkes bolle wurde. It MFT is wol beskikber, mar wy ferwachtsje eins alle Efkes Ballers by it klaverjassen.

Kaai
@ff_sds Juster nei de training fan jimme pupillen, is der een fietsfaai foen op de trochgong nei de pakeerplakken. De kaai is swart + hanger
Boppesteande moaie Fryske Twiit krigen wij juster fan WPB út Snits. De fraach is no hokker pupil, dy’t tiisdei traind hat, mist de kaai fan de fyts?
Mail mar efkes nei
sds-nijs@home.nl , dan sille wij sjen at wij efkes wat regelje kinne.

Klaverjasse
Nochris freegje wij oandacht foar de kaartjûn fan freed. Om 19.30 begjint it. It doel is om in gesellige sportive jûn te hawwen en fansels om wat aksje yn de kantine te krijen wat ten gunste komt oan it keunstgersfjild. Dus lit de kantine te lyts wêze troch jim kommen. Kom dus allegear.


1961
Wij kinne ús sa foarstelle dat sûnt 1961 de fuotbalklups flink groeid binne. Dat wie it jier dat wij yn Nederlân offisjeel fan in 6daagse nei in 5daagse wurkwike gongen.
Dit artikel jout oan dat de mannen harren net ferfeelden mar winkelje op sneon doe seker ek net in opsje fûnen.

BigMacBúkjeBoys
Der binne fan dy fuotbalrubriken fan: hoe soe it dêrmei wêze? Dizze wike wike lei de oandacht wat op eks fuotballers dy’t oanlis hawwe foar groei.

In opfallende ferskining is dizze Maceo Rigters. Yn 2007 noch topskoarder op jeugd EK en no 30 jier âld in geblokte spiler


En wat te tinken fan dizze Zweed Brolin. Hij spilet no foaral poker en dat is him oan te sjen.

Harsens derby (1413)
Mei dit?

Fansels! As de keeper yn elts gefal sa ûnnoazel is om de bal oan te reitsjen. Oars wie it in doeltraap.