Weppers freed 16-1

Weppers tongersdei 15-1-15
15 januari 2015
Weppers sneon 17-1
16 januari 2015

SDS 1 oefent
SDS 1 oefent moarn út tsjin VV Opende. Mocht it “gewoane” fjild it net talitte dan fuotbalje sy op keunstgêrs.

SDS 2 oefent net
De oefenwedstryd moarn tusken SDS 2 en HJSC 1 moarn yn Easterein giet net troch. It fjild is miskien net drûch genôch, mar SDS 2 hat ek te min spilers.

Gjin Supercup
De winner fan it OFK foarige wike soe moarn nei Leek om dêr mei te dwaan oan de saneamde Supercup. Spitich genôch foar SC Franeker giet dit net troch (klik
hjir).

Gjin efkes boljen
Foarige wike hat it fjildsje foar de boksen aardich te lijen hân ûnder it minne waar en it efkes boljen. Der kin dan jûn ek net efkes bolle wurde. It MFT is wol beskikber, mar wy ferwachtsje eins alle Efkes Ballers by it klaverjassen.

Harsens derby (1414)
Knappe goal!