Weppers tongersdei 14-7

Seleksjes senioren 2016-2017
13 juli 2016
Ferslach WK 14-7
14 juli 2016
B’s traine yn Wommels
Alwer foar de tredde wike traine de B’s yn Wommels. Juster wie dat mei in lyts ploegje op lang gers. Folgende wike woansdei wurd der wer om 19:30 traind yn Wommels.Stuollen
Der wurdt drok wurke oan it keunstgers, mar dat is net it ienige. Geert Dijkstra hat alle stuollen yn de kantine op ‘e nij beklaaid en Sjoerd Zijlstra hat it houtwurk neisjoen. Ús komplimenten!

Ballenkasten
Neist it keunstgers en de stuollen binne wy drok dwaande om nije ballenkasten te krijen. It is it doel dat wy fan de kaaien ôf binne, mar dat dochs net eltsenien by de ballen kinne. It doel is dat dit foar 1 oktober klear is.

Webside
Neist it keunstgers, de stuollen en de ballenkasten binne wy drok dwaande mei in nije webside. Hooplik kin dy begjin augustus de loft yn.

Tariedingsskema SDS 2
Boudewijn Kramer en Jeroen Brouwer hawwe in tariedingsskema foar SDS 2 ynelkoar flanst. Jûn stiet hy hjir op de webside.

Wommelser Kampioenskip
Jûn is der fansels ek wer in WK yn Wommels. It begjint om 19.30 oere.

Harsens derby (1733)
“Tikkie terug Jaap!”