Weppers tongersdei 14-4

Weppers woansdei 13-4
12 april 2011
SDS League: Redmer pakt wykpriis!
15 april 2011

Seal: SDS 1 bliuwt yn de race foar 3e-Perioade
SDS 1 hat juster mei 5-5 lykspile tsjin Blauw-Wit ’34 1. Yn in spannende wedstryd kamen de Ljouwerters yn de twadde helte werom nei mei 4-1 efter stûn te hawwen. Doe ’t SDS ek noch mei 5-4 efter kaam like it dien. Lokkich genôch makke Feite der dochs noch 5-5 fan. Dat de Blauw-Witers yn de twadde helte wat sterker wienen wie net sa gek. SDS koe krekt 5 man op it fjild krije wylst de Ljouwerters mei syn 12en(!?) wienen………
SDS 1 stiet noch boppe-oan stean yn de striid om de 3e Perioade en wachtet op de oare útslagen. Moandei hawwe sy harren lêste kompetysjewedstryd út by De Herauten yn Burgum.

SDS DA1 wint
SDS DA1 hat juster mei 1-0 wûn fan Harlingen DA2. Jits Spits makke wer ris de winnende goal.

SDS DA2 krekt lyk
De froulju fan SDS DA2 fuotbalden juster knap tsjin de froulju fan Mulier DA2. 1 minút foar tiid stienen sy sels mei 2-1 foar. Spitich genôch makken de “Wytmarsumsters” der krekt foar tiid noch 2-2 fan.

Training a-selektie 
dirkyde
anne
marten
feiko
jacob
eric
tjipke
arjan
feite
christiaan
skelte
jacob
martin
henk
redmer
mark
jelmer
 
Training b-       selektie 
elger
jort
sytse
syb
jansimon
harmjan
jelte pieter
bauke
robert
sjoerd r
ralph

Fiifde kear
Foar de fiifde kear stiet SDS 1- Heerenveense Boys 1 op it programma. Nije wike tiisdei om 19.00 oere. Ek SDS 2 spilet om dy tiid en wol tsjin Heerenveense Boys 2.

C 1
Omdat het eerste dinsdag ook moet voetballen, is de wedstrijd van de c1 van aanstaande dinsdag (19-4) verschoven naar donderdag.( 21-4.)
Same time, same place.
Dus dinsdag gewoon trainen, en donderdag voetballen.
Dus iedereen die zijn kaatstraining voor dinsdag had afgemeld, sorry, maar daar kun je nu dus wel heen.
 
groet,  Boudewijn, Jan en Anne.

Winnende doelpunt
“Winnende doelpunt” ropt in trainer meast oan de ein in training. Ek al stiet in ploechje bij E3 mei 7-1 efter, der is noch in kâns om mei in goed gefoel nei hús te gean.
At der dan nei 10 minuten noch net skoard is en heiten of memmen steane te wachtsjen, dan wurdt oanjûn dat it noch twa minuten is.
En dan wurdt der wer net skoard en dan ropt de trainer, wij einige hjoed mei in lykspul. 0-0 . Dan wurdt der wol hiel heftich protesteard troch de 7-1 winners. Want je winne of ferlieze, in gelykspul telt net. Echte winners dus. Prachtich dochs.

SDS League
Jûn hoopje wy mei de nijste stân fan de SDS-League te kommen.

Black Boys
Hoe is Black Boys út Snits eins oan syn namme kommen? Jim kinne it
hjir lêze.

Harsens derby(447)
Fannejûn allegear mar efkes probearje op trainen:



Letter miskien wol mear!