Weppers woansdei 13-4

Weppers tiisdei 12-4
12 april 2011
Weppers tongersdei 14-4
13 april 2011

SDS 1 staakt
Grietzen Broersma is yn de 33 ste minút fan de wedstriid SDS 1 – Heerenveense Boys 1 swier blessearre rekke oan de knibbel. Bij in ferdigenjende aksje hat er eagenskynlik de knibbel mear as in bytsje ferdraaid.
Grietzen waard mei de ambulanse fan it fjild helle en de wedstriid waard stopsetten bij in 0-1 stân.

SDS 3 – Heeg 2
SDS 3 ferlear juster mei 4-1 fan Heeg 2. SDS 3 wie hielendal net minder as Heeg, mat 2 útfallen fan Heeg yn de earste helte soarge der wol foar dat Heeg mei in 2-0 foarspong om té gie. Yn de twadde helte sette SDS aardich druk op de goal fan Heeg wat rissulteare yn de 2-1 troch in kopgoal fan Jan. Doe ’t it noch gjin minút letter alwer 3-1 waard wie it dien. SDS krige noch wol kânskes, mar Heeg makke (nei meardere grutte kansen) úteinlik de 4-1.

Entoesjast(1)
Pieter Kamstra rekke juster ek slim blesseare. Hy woe wol hiel graach dat de foarset by him kaam en ropte en stuts de earm yn de loft. Iets te entoesjast blykber, want syn skouder skeat dêrby út de kom. It skouder waard by ien fan de wepmasters op it wurk setten en Pieter hat witte litten dat it goed mei him giet.
Wy winskje him betterskip.

Entoesjast(2)

Mei de wyn dwers oer it fjild by SDS 3 – Heeg 2 bedarre de bal wol gauris yn de sleat. Om ’t der mar twa wedstrydballen wienen stie it spul yn de earste helte dan ek wol gauris stil. Doe ’t der wer ris in bal yn de feart lei betocht Gerlof Veldstra him net in tel en woe oer de feart springe om in bal te pakken. Dit slagge………hast. Hy siet muorrefêst yn de drek. Doe ’t hy de bal weromsmiet seach hy dat it spul al wer gau begjinne soe en naam gjin tiid mear foar in oanrin en sprong fansels middenyn de sleat. Gerlof snapte de argewaasje net hielendal; “hindert neat hear, ik haw wol skjinne sokken by my foar de twadde helte…………..” 

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 hat jûn in wichtige wedstryd yn de striid om de 3e Perioade. SDS 1 stiet deryn boppe-oan mei noch 2 wedstriden te gean. Jûn moatte sy om 19.30 thús tsjin Blauw-Wit ’34 1. Dit wurdt dreech, hielendal as je witte dat der mar 4 spilers beskikber binne(Tsjipke, Feite, Freek en Willem) en dat der 9(!) man net kinne troch blessures en sa……
SDS 2 spilet jûn om 20.30 thús tsjin Sneek-Wit-Zwart 5.

Frouljusynheljûn
Jûn is it frouljusynheljûn. Dizze wedstriden steane op it programma.

13-4-2011 18:45 SDS DA1 – Harlingen DA2
13-4-2011 18:45

SDS DA2 – Mulier DA2

Seleksje SDS DA2
18:00 yn de box
18:45 spylje 
Amarins, Antje, Chrissie, Geartsje, Hester, Hotske, Joutzen, Margriet, Nynke, Tineke, Sietske, Susan, Sanne, Rixt, Anna Marijke, Sascha(twadde en tredde helte) en Janneke(?)

SDS 5 hjoed net
Foar SDS 5 stie der hjoed ek in ynhelwedfstriid op it programma. Dy wedstriid is ferskood nei 28 april.

Op krukken

Allegear blessure lijen justerjûn. Ek Hendrik de Jong is op dit stuit net flugger as syn heit. Hij rint op krukken.

Harsens derby(446)
Soe der jûn yn de sporthal ek soks te sjen wêze:





Letter miskien mear!