SDS League: Dooitze en Anne op stoom!

Weppers tongersdei 14-4
13 april 2016
Seleksjes sneon 16-4
14 april 2016

“De Coolsingel nog in zicht” fan Dirk Stegenga is syn earste plakje alwer kwyt. It is Gert-Jan Hessels mei “Geniet van het bier, Eeltje Postma” dy ’t de koppsysje fan him oernimt.


“Matchfixing?” 

Anne Brouwer (“JelmaFem”) en Dooitze Nauta (“As ik der by bin dan winne SDS 1 en 2 altiten”) hawwe noch altiten de gang omheech te pakken. Op ‘e nij gripe sy krekt njonken de wykpriis, mar ynmiddels steane sy al dield 4e.

Anne en Dooitze besprekke harren taktyk

 De wykpriiswinner melde him oan it begjin fan de wike al fia de app; “Witst al wa ’t de wykpriis hat? Neffens my sit ik der net fier by wei…….” Dat kloppe aardich, want Dirk de Jong pakte sels de wykpriis mei mar leafst 60 punten.

Der binne wat toppers dy ’t it dizze edysje fan de SDS-League wat ôfwitte litte. Normaal sprutsen docht “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens altiten mei om de prizen en no stiet hy 58e………. Hat hy it te drok mei syn nije hûs of binne syn kansen keard?

Ek ûnderyn bliuwt it stuorke wikseljen. No nimt “FC Winnaars” (Tom Wijnia) de reade lantearn wer oer fan “GVR” (Feiko Broersma).

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 7.