SDS-League: In nije koprinner!

Weppers tongersdei 13-4-2017
13 april 2017
Weppers freed 14-4-2017
14 april 2017

Nei in dûbel programma yn de Eeredivisie kinne je ferwachtsje dat de stân fan de SDS-League oer de kop gien is. Dat is dan ek it gefal. Jelmer Posthumus stie ferline wike noch 10e, mar pakt mei Postmeister no de kopposysje.

De top 10 is hielendal útinoar skuord. De nûmer 1 fan ferline wike stiet no op 5, 2 op 6, 3 op 11, 4 op 18, 5 op 8 en gean sa mar troch. It is dus efkes sykjen.

Afbeeldingsresultaat voor anne dooitze sdsAnne Brouwer hie it sneon al aardich yn de holle. Hy fertelde troch de wike al 40 punten pakt te hawwen. Úteinlik ferdûbele hie it wykein syn punten en kaam sa mei ‘Jimbar’ op 80 punten en pakt dêrmei de wykpriis. Grutste konkurrint ‘DTD’ fan Dooitze Nauta docht neat foar him ûnder en pakte ek 80 punten. Dit bringt harren wer op in fertsjinstlijk 3e en 4e plakje.

‘FC De Rick fan de kaktus’ fan Rick Hendriks beloofde ek in hiele bult punten. Dat kaam aardich út. Mei 79 punten allinnich krekt ien ‘prikje’ te min foar de wykpriis…….

De reade lantearn is noch altiten foar ‘Maccabi Marco’ Rijpkema al krijt hy al ‘serieuze’ konkurinsje fan Tom Wijnia. Hy begûn as 2e fan boppe oan dizze SDS-League, mar stiet ynmiddels 2e fan ûnderen en dat is ‘Moais Tom’………

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2016-2017 twadde helte wike 8.