Weppers tongersdei 13-10-2022

SDS-League: ‘Bulder’ pakt de wykpriis!
12 oktober 2022
Weppers freed 14-10-2022
14 oktober 2022

SDS seal 2 wint

Se kamen justerjûn  grutsk werom mei trije punten  út de Jouwer wêr’t se mei 2-5 winne fan Haskerland 3.

SDS JO8-3

Ynkoarten skowe de earste spilers út de SDS-minileague wer troch nei de kompetysje. Sa komt der in JO8-3.
De folgende spilers komme der yn:
Xander Geertsma
Levi Akkerman
Jurre Anne Jan Akkerman
Luc Wagenaar
Niels Wagenaar
Samme Hofstra
Jilles Reitsma
Idsert Stenekes
Siem Toering
Joeroen Wagenaar en Paul Reitsme binne de lieders. Sy traine op woansdei fan 17.00 – 18.0 oere ûnder lieding fan Peter Geertsma.
Wy sjogge no al út nei de earste teamfoto.

Heal ljocht

Om energy te sparjen wurde op trainingsjûnen by SDS de helte fan de ljochten brûkt. Dit is genôch mom by te trainen. By wedstriden op jûn wurde wolle alle ljochten brûkt.

SDS-plaatsjesruilbak by de byb

Foar wa ’t syn SDS-jubileumplaatsjesboek al fol hat, mar noch dûbele plaatsjes oer hat kin dizze yn de byblioteek bringe en yn de ruilbak dwaan. Wa ’t noch nedich hat kin se hjir dan wer úthelje. As de byb net iepen is meie se ek yn de briefebus.

Kantine

Jûn is de kantine iepen fanôf in oer as 20.33 oere. Tsjitse sil de hapkes en snapkes fersoargje en op it grutte skerm hawwe wy wer Europeesk fuotbal.

Harsens derby (2099)

Is ‘ie no links of rjochts?

 

 

Letter miskien wol mear!