SDS-League: ‘Bulder’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 10-10-2022
10 oktober 2022
Weppers tongersdei 13-10-2022
13 oktober 2022

It is dizze wike ‘Bulder’ fan Jan Mulder dy ’t de wykpriis pakt.
‘Kinne wy dat meitsje? Nou en of!’
Hy pakt mar leafst 52 punten en lit de rest hjirmei fier efter him.

Der feroaret neat oan de top 4 al rint koprinner ‘Hup SDS’ fan Grietzen Broersma flink út. Ferline wike stie hy noch ien puntsje foar op nûmer 2, Robert Hoekstra, mar dat gat is ynmiddels 10 punten.
Sjoerd van Beem stiet no dield 2e mei Robert mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion!’

‘Het Dispuut’ fan Jasper de Boer nimt de reade lantearn oer fan ‘De Brekkenboys’ fan Okke van der Kamp.

 

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 4