Weppers freed 14-10-2022

Weppers tongersdei 13-10-2022
13 oktober 2022
Sneon 15-10-2022
14 oktober 2022

SDS Vr.1 op freedtejûn

De froulju fan SDS Vr.1 7-tsjin-7 meie jûn balje yn Seisbjirrum. Sy spylje dêr tsjin Oosterlittens Vr.3, Wykels-Hallum Vr.1, Dronryp/Foarút Vr.1 en Tzummarum Vr.1. De earste wedstriid is om 19.00 oere en de lêste om 20.30 oere.

Oeverzwaluwen 1 – SDS 1

By SDS 1 falle sy by bultsjes om. Juster op trainen op ‘e nij 2 blessuregefallen. No komt it moai út dat SDS 2 sneon frij is en hat SDS 1 yn elts gefal genôch. Net sûnder feteraan Tsjipke Okkema trouens. Hy begjint sneon yn de basis. Dit is de seleksje foar sneon:
Jaap, Tsjipke, Sietse, Wesley, Erik, Frank, Anco, Jelte-Pieter, Habtamu, Pieter, Gerbrand, Douwe-Jan, Hendrik, Lourens, Steven en Stan.

SDS 3 – Foarút 2

SDS 3 is ta oan de earste oerwinning. Dy moat dan sneon mar komme. Dizze mannen wurde om 13.30 oere op de klup ferwachte:
Tom, Eeltsje, Jurjen, Sjirk, Bote, Jesse, Marten, Jelmer, Kent, Anne, Jacob, Sjoerd, Hendrik en Willem.

SDS 4 – Workum 4

SDS 4 hat alwer rom genôch spilers foar sneon. Dat komt moai út, want sy meie thús om 14.30 oere tsjin Workum 4. Dizze mannen keapje rûn in oer as 13.43 oere earst in bakje kofje en sille harren dêrnei rêstich omklaaie:
Aiso, Michael, Leon, Jorrit en Jorrit, Gerben, Remon, JP, Bauke, Mark, Tim, Niels, Sije en Allert miskien.

QVC 4 – SDS 5

SDS 5 soe hjoed net genôch spilers hawwe, want it is ommers hjerstfakansje en Harm-Auke en Gert-Jan binne in wykein fuort. De oare 15 man pikke dit gewoan efkes op en de seleksje is noch nea sa kompleet west as moarn. Dizze 15 fertrekke moarn om 12.45 oere út Easterein foar ien fan de moaiste útwedstriden fan it seizoen:
Jan-Simon, Dirk-Yde, Peter, Tjeerd, Doede, Stefan, Dennis, Kerst, Harm S, Jentsje, Feite, Klaas, Ronny, Ids en Peter Stuiver.

RABO-Club-Support

Allegear tige by tige foar jim RABO-ClubSupport! Jim hawwe der mei foar soarge dat wy mar leafst €1097,65 byskriuwe meie op ús rekken.

Sakje

SDS 3 sakket hurd op de ranglist. Net omdat sy gjin punten pakke, mar om ’t de ien nei de oare klup út de kompetysje stapt. Sy doare it blykber net oan om tsjin SDS 3 te baljen. LAC Frisia 4 is der mei stoppe. Sa moast SDS dit seizoen 4 kear nei Ljouwert en no noch mar 2 kear, want Leovardia 3 is ek al út de kompetysje stapt.

SDS’ers derop út!

De familie Postma is der dit wykein op út. Sy binne nei Lissabon en dan kinne je fansels net om Eusebio hinne:

Harsens derby (2100)

‘Tikkie werom, Jaap!

 

Letter miskien wol mear!