Weppers tongersdei 12-5

Programma SDS-slotjûn!
11 mei 2016
Seleksjes sneon 14-5
12 mei 2016

Yn de tegels!
Jûn om 19.00 oere wurdt der in begjin makke mei it ree meitsjen fan de Skoalleseize foar de oanlis fan it keunstgersfjild. Sa sille de tegels efter de dug-outs derút helle wurde. Wolle je ek efkes helpe jou dit dan efkes troch fia info@vv-sds.nl
!  
Fansels is eltsenien wolkom om efkes te helpen. Ek de junioaren en de froulju fan SDS.
Efkes 1 1/2 oere knalle en dan efkes neisitte yn de kantine. De A’s, inkelde B’s, Bas, Pieter, de wepmasters, Jesse, Remon, Gida, Johan, Pieter en Klaas Overal binne der sawiesa, mar der kinne noch folle mear by!

Klaas hat de earste stienen der al út helle.

“Sljocht op SDS”
Jan Nota komt sneon spyljen yn de SDS-kantine, mar hy komt jûn ek al efkes. Jûn komt hy om it SDS-klupliet op bân te krijen. It is de bedoeling dat guon SDS’ers as koar fungere. It liket ús dat de mannen fan SDS 1 der jûn sawiesa binne lykas de tegelsjouwers. Liket it je ek leuk om mei te dwaan kom dan in oer as 21.15 oere efkes nei de kantine. Klik hjir om alfêst efkes te oefenjen. 

Kantine
De A’s hawwe jun in preoftraining, it 1e traint, der binne tegelsjouwers en Jan Nota komt foar it SDS-klupliet. Genôch reden om jûn efkes yn de kantine te sjen liket ús sa ta. Pieter en Jesse sille jim op jim wenken betsjinje.

SDS 3 mei de bus!
SDS 3 kin sneon kampioen wurde as sy minimaal in puntsje pakke by direkte konkurrint Balk 3. SDS 3 sil hjir mei de bus hinne. Sy fertrekke om 13.00 en binne rûn 18.00 werom om direkt oan te skowen by de barbecue. Wa ’t foar €5,- mei wol en sa in noflike middei hawwe wol mei dit efkes trochjaan oan Harm Dijkstra(06-20702345).


Doelpunten

Mei foar de measte teams noch ien wedstriid te gean, is dit it doelpuntenklassemint oan no ta.

Foto’s Anne Brouwer socht
Foar de ôfskiedswedstryd fan Anne Brouwer op freed 10 juny binne wy noch op syk fan wat âlde foto’s fan Anne by SDS. Wa ’t in foto hat mei dy wol maile nei
info@vv-sds.nl! Graach sels!

Ynhelle
De mannen fan SDS C3 hawwe justerjûn thús in ynhelwedstryd spile tsjin TOP C1. Dizzen wienen krekt in maatsje te grut en C3 gie mei 7-0 ûnderút.


Nei de froulju fan sc Heerenveen!
De froulju fan sc Heerenveen spylje moarntejûn om 19.30 oere tsjin FC Twente. De famkes fan MD1 sille hjir mei syn allen hinne. Van der Eems is haadstiper fan dizze wedstryd en hat wat kaarten krigen. Wa ’t der ek noch graach fergees hinne wol mei maile nei info@vv-sds.nl!

Slotmiddei jeugd
De slotmiddei/-jûn foar de jeugd is op freed 27 maaie. De
middei-jûn is foar F-, E- en D-pupillen. Dus ek foar de D’s dy’t yn  MC1 spylje.

SDS-League
De einstân fan de SDS-League wurdt dit kear net sa as oars op tongersdeitejûn bekend makke, mar sneon yn de kantine rûn in oer as 18.00 oere.

Harsens derby (1712)
Wat in hearlijke “schwalbe”…………